Johnny Jansen: "We zakten door de ondergrens"

27 feb 2021 - 12:00

"We hadden vandaag een offday. In de tweede helft zakten we door de ondergrens." Dat sei trainer Johnny Jansen nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Mar ek yn earste helte fûn er it spul net goed, It tempo lei de leech by SC Hearrenfean en dêr makke Zwolle gebrûk fan.

Johnny Jansen

De wedstriid wie foar de Friezen 45 minuten te lang. Hearrenfean ferlear mei 4-1, wylst dy ploech de twadde helte begûn mei in 1-0 foarsprong. Neffens Jansen hiene de Friezen der ek mear úthelje moatte yn de earste helte. It te lege tempo makke de romtes by de ferdigening te grut en dan is in frije man fine net sa maklik.

Dochs is Jansen mei dit resultaat yn de achterholle net benaud foar de kommende 'wedstriid fan it jier' tsjin Ajax. "Dat is een totaal andere wedstrijd. Morgen steken we de koppen bij elkaar en dan gaan we weer door naar woensdag. Het was vandaag gewoon niet goed en daar baal ik enorm van."

De nekslag was de 3-1.

Doelman Erwin Mulder

Doelman Erwin Mulder hat gjin goed gefoel oer de wedstriid: "We hebben elkaar als team in de steek gelaten. We kamen nog wel op 1-0 voor, maar de eerste helft vond ik ook al niet goed. De tweede helft was gewoon heel erg slecht. De nekslag was de 3-1."

Erwin Mulder

Henk Veerman syn reaksje nei de wedstriid wie dúdlik."Nu even rouwen en morgen nabespreken." De spilers hiene in ferfelend gefoel dat de wedstriid sa ôfrint, sei Veerman. "We gaven te veel kansen weg en we kregen er ook een paar. En dan heb je toch het gevoel dat er meer in zat. In de tweede helft kregen we het deksel op de neus."

Henk Veerman

(Advertinsje)
(Advertinsje)