Hearrenfean fergriemt foarsprong en ferliest mei 4-1 fan PEC Zwolle

SC Hearrenfean hat de wedstriid tsjin PEC Zwolle mei 4-1 ferlern. De Friezen kamen healweis de earste helte op foarsprong, mar krigen de bal net faker as ien kear yn it net. Zwolle makke fjouwer doelpunten, en wûn.
Joey Veerman baalt nei it ferlies tsjin PEC Zwolle © Orange Pictures
Yn de earste helte krige Zwolle fia Manuel Benson in grutte kans op de iepeningstreffer, mar hy skeat de bal wyld mis. Nei sa'n tweintich minuten besocht Henk Veerman - dy't hjoed 30 jier wurden is - de bal nei in prachtige pass fan Joey út de volley binnen te sjitten, mar hy rekke de peal.
Nei in lyts healoere spyljen foel it earste doelpunt: út in foarset fan Rami Kaïb follearre Mitchell van Bergen de bal yn de fiere hoeke. Fiif minuten letter wie Benson tichtby de lykmakker, mar hy skeat in frije trap krekt mis.
Yn de twadde helte slaggen de 'Blauwvingers' der wol yn de lykmakker te meitsjen, fia Virgil Misidjan. Dêrnei drukte it goedspyljende PEC de Feansters werom. Dat resultearre fia in volley fan Thomas Buitink foar de 2-1 foarsprong. It lêste wapenfeit fan de ploech fan Johnny Jansen wie in skot fan Henk Veerman, dat krekt oer de krusing fleach. Wol kaam der noch in oanpassing yn de skoare, om't ferdigener Bram van Polen de stân op 3-1 sette.
Yn de absolute slotfaze makke Zwolle der 4-1 fan, troch in doelpunt fan Eliano Reijnders.
Opstellingen SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Dresevic (Batista Meier/76), Bochniewicz, Kaib (Woudenberg/57), v.Bergen, Schöne (Nygren/65), S.de Jong, Halilovic (Kongolo/64), J.Veerman, H.Veerman.
SC Hearrenfean - PEC Zwolle: 27', V. Bergen, 52' Misidjan, 70', Buitink, 89', Van Polen, 90+2', Reijnders.