Esther Ouwehand (PvdD) yn It Polytburo: 75 prosint fan it fee moat fuort

26 feb 2021 - 21:06

De feesteapel yn Nederlân moat mei 75 prosint werombrocht wurde. Dat seit listlûker Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren yn It Polytburo. Allinnich sa kin de ekologyske balâns wersteld wurde.

Esther Ouwehand oer ûnder oare de lânbou, de Fryske natuer en twa adopsjekij yn Weststellingwerf:

De wize wêrop't bisten holden wurde yn de measte feehâlderijen is ûnhâldber, seit de Partij voor de Dieren. "Die conclusie werd twintig jaar geleden trouwens al getrokken, maar er is altijd een gebrek aan politieke moed geweest", seit Ouwehand yn It Polytburo. "Er wordt steeds tegen boeren gezegd: 'nu dit aanpassen, dan dat doen'. Maar dat is lapwerk. Boeren lenen geld voor innovaties, maar dan zegt de bank: prima, maar dan moet je wel meer dieren nemen. Boeren die dat niet willen stoppen, andere boeren worden te groot."

Mei oare wurden: de boeren sitte klem yn it systeem, neffens Ouwehand. "De politiek moet boeren helpen om om te schakelen. En de politiek moet de moed hebben om te zeggen: zo kan het niet langer."

Ouwehand en Fryslân

As Ouwehand yn Fryslân komt, giet se geregeld nei Sânhuzen yn Weststellingwerf. "Daar staat het enige koeienrusthuis van Nederland. En daar leven twee koeien die de Partij voor de Dieren heeft gered en geadopteerd: de wereldberoemde Hermien en haar maatje, Zus. Altijd leuk om even te kijken hoe het met ze gaat. Het gaat heel goed met ze. Zodra het weer het toelaat, gaan ze lekker de wei in."

In oar plak dêr't Ouwehand graach komt, is it Drintsk-Fryske Wâld. "In Appelscha zit bijvoorbeeld de herberg Het Volle Leven. Daar kun je biologisch en vegetarisch een bed & breakfast doen. En dan de volgende dag een wandeling in de natuur."

It Polytburo sjocht mei listlûkers fan ferskate partijen foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Esther Ouwehand wie de fiifde gast yn dizze rige. Earder kamen Sigrid Kaag (D66), Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) del.

Fan de partijen dy't op it stuit yn de Twadde Keamer sitte, is de Partij voor de Dieren it meast útsprutsen oer dat it systeem feroarje moat. De partij wol 'radicaal andere keuzes' meitsje, skriuwe se yn it ferkiezingsprogramma. Mar wat betsjutte dat foar de tema's dy't spesifyk yn Fryslân spylje?

Lânbou: boeren helpe mei transysje

Yn gjin inkeld lân op de wrâld libbet der safolle fee op elkoar as yn Nederlân en allinnich de lânbousektor yn Amearika eksportearret mear as de Nederlânske. In grut part fan de Nederlânske grûn wurdt brûkt foar de lânbou en dat giet ten koste fan it bioferskaat. Wat de Partij voor de Dieren oanbelanget, giet it tal bisten yn de feehâlderij dus mei 75% werom. "De helft van onze grond wordt nu gebruikt voor de veehouderij", seit Ouwehand. "Terwijl we te weinig natuur hebben en een huizentekort. Dus met de grond die vrijkomt willen we weidegebieden maken en huizen bouwen aan de randen van bestaande dorpen en steden."

Troch de feehâlderij yn te krimpen, produsearje de boeren yn Nederlân wer foaral foar de eigen regio, seit de Partij voor de Dieren. Der giet folle minder nei it bûtenlân. Dat systeem wurket dochs net, seit Ouwehand. "Op de wereldmarkt moet je zoveel mogelijk produceren voor zo weinig mogelijk kosten. Maar Nederland is een duur land, dus op kosten ga je het niet winnen. Dat is geen verdienmodel. Het zijn altijd andere partijen die verdienen aan de boeren." Dan doelt Ouwehand op bygelyks supermerken en de banken.

It ynkrimpen fan de feesteapel betsjut wat de Partij voor de Dieren net automatysk dat der foar minder boeren plak is. De partij wol de boeren finansjeel helpe om oer te skeakeljen nei in duorsume produksje.

Natuergebieten ferbine en bioferskaat opknappe

Foar de natuer wol de Partij voor de Dieren dat natuergebieten oan elkoar ferbûn wurde. Dan kin de natuer him better ûntwikkelje en kinne guon fûgel- en ynsektesoarten rêden wurde.

Troch lânbougrûn om te foarmjen ta natuergebieten, knapt it bioferskaat wer op en rint de útstjit fan broeikasgassen werom, is it plan fan de partij. Grûneigeners moatte dêr wol foar fergoede wurde.

Dat opknappen fan it bioferskaat helpt greidefûgels. Dy ha no net genôch fretten. Neffens Ouwehand wurde predatoaren lykas de foks no oanwiisd as skuldige dat de fûgels it dreech ha, mar is dat net terjochte. It komt earder troch drûchte bygelyks en de monotone grûn. "Je moet zorgen dat het ecosysteem meer in balans komt. Bloemenrijke akkerranden, diversiteit in de weilanden. Dan heeft de weidevogel meer kans op leven."

De Partij voor de Dieren sit wat yn in spagaat as it giet om skjinne enerzjy. Foar sinne-enerzjy leit in oplossing foar de hân, dy moatte safolle mooglik op daken. Dan ha minsken der minder lêst fan en bliuwt de romte ek leech. Mar wynenerzjy is dreger, want dêr kinne fûgels lêst fan ha. "Als we geen windmolens plaatsen, zijn de effecten voor de natuur ook heel groot", seit Ouwehand. "We moeten windmolens niet neerzetten op vogelroutes." Ek de natuer en de see wol de partij safolle mooglik ûntsjen by it pleatsen fan wynmûnen. Neffens Ouwehand is it folle belangriker om it enerzjygebrûk te ferminderjen, sadat der minder enerzjy nedich is.

Gjin gaswinning yn natuergebieten

De Partij voor de Dieren wol fan it gas ôf. It doel fan de partij is dat Nederlân yn 2030 gjin gas mear brûkt. Dat wol de partij foar in grut part oplosse troch hûzen en oare gebouwen better te isolearjen. As der minder gas brûkt wurdt, hoecht der ek minder gas wûn te wurden. Yn Fryslân lizze in protte lytsere gasfjilden, dy't oanboarre wurde no't it grutte Grinslanner gasfjild net mear brûkt wurdt. Mynbou-aktiviteiten lykas gas- of sâltwinning yn natuergebieten wol de partij hielendal net mear tastean.

Dat jildt dus ek foar de Waadsee. Dat is in UNESCO-wrâlderfgoed en fertsjinnet it om better beskerme te wurden, fynt de partij. Net allinnich gaswinning, mar ek fiskerij wurdt ferbean yn dat gebiet, as it oan de Partij voor de Dieren leit.

Mear hûzen, mar grien bewarje

De partij fan Ouwehand wol thúswurkjen makliker meitsje. Dan hoege minsken minder faak te ferhûzjen nei plakken dêr't mear wurk is en ûntsteane minder krimpregio's. It is ek belangryk dat de skoallen, supermerken en buertbussen op peil bliuwe.

Om lokale ûndernimmers yn it MKB te stypjen, wol de partij dat der in ekstra belesting komt op online oankeapen. Dêrtsjinoer stiet dat der tenei gjin btw mear sit op sûne produkten, iepenbier ferfier, kultuer en reparaasje.

De partij wol ek mear hûzen bouwe. Dêr komt romte foar as der minder bisten yn de lânbou brûkt wurde. Mar om wat oan it hûzetekoart te dwaan, wol de Partij voor de Dieren ek leechsteande kantoaren ombouwe nei wenningromte. De trochstreaming moat ek better. Dêrnei wurde doarpen en stêden pas útwreide oan de rânen. De partij fynt it wol belangryk dat it griene gebiet om plakken hinne, grien bliuwt.

Iepenbier ferfier ferbetterje op plattelân

Om alle plakken goed berikber te meitsjen, wol de partij jild stekke yn it iepenbier ferfier. Dat moat betrouber, betelber en tagonklik wurde, ek op it plattelân. Fierder wol de partij dat de reistiid tusken it Noarden en de Rânestêd koarter wurdt. De Partij voor de Dieren is, krekt as hast alle oare partijen, foar de oanlis fan de Lelyline. Dy moat der sa gau as mooglik komme, fynt de partij. Fierder wolle se ek mear bussen ynsette, dy't wol duorsum wêze moatte.

It reizgjen mei it iepenbier ferfier moat oantrekliker wurde. Dêrom wol de partij ek dat minsken dy't net in soad kilometers meitsje mei de auto, minder jild betelje as minsken dy't mear ride. Kilometerheffing dus. Mar de partij wol in útsûndering meitsje foar minsken yn tinbefolke gebieten. Dêr is it no faak net mooglik om foar in oar ferfiersmiddel te kiezen. Dat wol de partij op termyn oplosse troch dêr ek foar better iepenbier ferfier te soargjen.

Soarch yn de regio oerein

De partij wol derfoar soargje dat gemeenten genôch jild ha foar in goede jeugdsoarch. Doe't in soad soarchtaken oergongen fan it Ryk nei de gemeenten, soarge dat foar in soad finansjele tekoarten by de gemeenten. Yn guon gefallen is dêrom de kwaliteit fan de soarch ek minder wurden. De partij wol ek de ferlieners fan Wmo-soarch better stypje en betelje.

En regionale sikehûzen meie net ferdwine, fynt de Partij voor de Dieren. Allinnich komplekse soarch moat ûnderbrocht wurde by spesjalisearre sikehûzen.

Oardel Fries

De iennige kandidaat foar de Twadde Keamerferkiezingen fan de partij dy't op it stuit yn Fryslân wennet, is Caroline de Groot. Se wennet yn Warten en stiet op plak 29 fan de kandidatelist. Op it stuit is se it iennige riedslid fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Op plak 5 fan de list stiet Lammert van Raan, hikke en tein yn Harns. Hy sit sûnt 2017 foar de partij yn de Twadde Keamer. Op it stuit wennet er yn Amsterdam. Yn de peilingen stiet de Partij voor de Dieren op fjouwer oant seis sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)