Alle Fryske boargemasters stjoere brief oan ûndernimmers: "Te vroeg om alles mogelijk te maken"

27 feb 2021 - 15:55

"We mogen het elkaar niet aan doen." Dat stiet yn in brief dy't alle Fryske boargemasters mei mekoar stjoerd ha oan de ûndernimmers. "Terwijl we met het ene been langzaam maar zeker uit het coronamoeras stappen, staan we er met het andere nog midden in. Daarom is het nog te vroeg om alles weer mogelijk te maken."

In terras yn Ljouwert - Foto: ANP

De brief komt yn de wike foardat op oare plakken yn it lân ûndernimmers sizze dat se de terrassen wer iepenje wolle. De Fryske hoarekasektor hat al sein dat net te wollen.

De hiele brief is te lêzen op de site fan de Veiligheidsregio Fryslân.

Net allinne de 18 Fryske boargemasters ha in hantekening set ûnder de brief, dykgraaf Luzette Kroon hat dat ek dien. De bestjoerders sizze dat se alles dwaan wolle om de ûndernimmers in fleanende start te jaan, as der aanst wer mear kin en mei. "Zodra de besmettingscijfers afnemen en de regels dat toestaan willen we er meteen voor gaan. We roepen alle Friezen op om u te steunen door lokaal te kopen."

Yn de brief sketse se it dilemma: "Vanuit gezondheidsperspectief is er weinig ruimte voor versoepeling, maar vanuit sociaalmaatschappelijk en economisch oogpunt is daar juist heel veel behoefte aan. We willen het leven weer oppakken. En ondertussen gaat het versoepelen van de maatregelen met kleine behoedzame stapjes. We horen van u als ondernemers: het is te weinig, te laat, te onduidelijk."

"In swiere tiid"

"We begripe dat it benammen foar ûndernimmers in swiere tiid is. It is in bytsje in dûbele perioade", sa seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. "Oan de iene kant sjogge wy it faksinearjen en is der útsicht op in bettere tiid. Mar we ha ek sifers dy't noch omheech gean."

Dochs binne der ek ljochtpuntsjes, sa seit Buma. "Yn 2020 hiene wy in goeie simmer foar de rekreaasje en de hoareka. Dat kin dit jier ek wer, de twadde helte fan it jier wurdt echt better as de earste."

Soargen oer ferrommingen

Earder op de dei waard al dúdlik dat de Fryske GGD grutte soargen hat oer de gefolgen dy't de ferrommingen fan de coronamaatregels ha. It tal besmettingen rint noch hieltyd op. Freed binne der yn Fryslân mear as 250 nije besmettingen fêststeld.

De bestjoerders wize ek op it gefaar. "We hebben in het najaar gezien hoe snel het kan gaan. Dan lopen de IC's vol en kunnen ook mensen met andere ernstige aandoeningen niet meer worden geholpen. We mogen het elkaar niet aandoen dat we daar weer in terecht komen. En met de besmettelijke Britse variant om ons heen, is dat geen ondenkbaar scenario."

De maatregels no fierder ferromje kin derfoar soargje dat de hjoeddeistige maatregels noch langer fan krêft wêze moatte, tinkt Buma. "We ha hegere sifers en it risiko is dat de lockdown langer duorret at wy te gau iepen gean."

Boargemaster Sybrand Buma oer de brief

(Advertinsje)
(Advertinsje)