Nyck de Vries wint earste wedstriid yn Formule E

26 feb 2021 - 19:39

De Fryske autokoereur Nyck de Vries hat foar it earst in wedstriid wûn yn de Formule E. Hy starte op pole position, en joech it earste plak net mear út hannen.

Nyck de Vries - Foto: ANP

It wie de earste wedstriid fan it seizoen. Dy waard ferriden yn Saûdy-Arabië. Sneon is dêr de twadde race.

De Vries rydt sûnt foarich seizoen foar Mercedes yn de Formule E. Yn dy klasse ride alle teams mei elektryske auto's. De Vries hie noch noait earder op pole position stien.

De Vries syn teamgenoat Stoffel Vandoorne waard achtste.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(Advertinsje)
(Advertinsje)