Plysje fynt ladingen harddrugs, wapen en yllegaal fjoerwurk yn Snits

26 feb 2021 - 17:21

Yn in hûs yn Snits hat de plysje in ferskate soarten harddrugs fûn. Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat it gebou ticht smite litten omdat de bewenner hannele yn harddrugs.

Xtc-pillen - Foto: ANP

Yn it hûs fûn de plysje 14.854 xtc-pillen, sa'n 270 gram kokaïne, goed 17 gram crystal meth en 537 gram fan guod wêrmei't xtc makke wurde kin. Dêrnjonken fûn de plysje in dolk en yllegaal fjoerwurk.

It hûs oan de Napjusstraat moat sân moanne ticht bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)