Fryske hoareka 'op de kop' troch coronakrisis, mar terrassen geane net iepen

26 feb 2021 - 17:14

De Fryske ôfdieling fan it Keninklik hoarekabûn stiet net achter de lanlike aksje fan hoareka-ûndernimmers dy't tiisdei de terrassen wer iepenje wolle. Mar Fryske ûndernimmers moatte wol yn aksje komme, seit Corné van de Erve fan KHN Fryslân.

Foto: ANP

"KHN Fryslân kiest er duidelijk voor om niet gewoon de terrassen uit te zetten en daarmee een uitnodiging te bieden om te kunnen gaan zitten", meldt de organisaasje. Fryske ûndernimmers wurde wol oproppen om op 2 maart de bûtenterrassen op de kop te setten.

"Dat zal een vreemd gezicht zijn, alle tafels en stoelen ondersteboven op de terrassen. De wereld op z'n kop. Maar zo staat het leven van horeca-ondernemers en hun medewerkers er ook voor."

Hoarekasaken binne al moannen ticht. KHN Fryslân is dêr lilk oer. "Dit maakt ondernemers financieel en geestelijk kapot. De rusteloosheid wordt steeds groter en het niet hebben van perspectief weegt steeds zwaarder bij iedereen in de horeca."

(Advertinsje)
(Advertinsje)