Auto oer de kop op Skieding by Surhústerfean

By in ûngelok op de Skieding by Surhústerfean is in auto oer de kop slein. De auto kaam tsjin in beam ta stilstân, nei in botsing mei in oare auto.
© SRFotografie
De brânwacht waard oproppen omdat ien fan de ynsitters net út de auto komme kinne soe, mar doe't de brânwachtminsken der wiene, wie elkenien der al út.
It is net dúdlik hoe't it mei de minsken is dy't by it ûngelok belutsen binne. Se binne neisjoen troch minsken fan de ambulânse.
Beide auto's rekken bot skansearre.