Ald-boargemaster Bé Jansema fan Harns ferstoarn

26 feb 2021 - 16:31

Ald-boargemaster Bé Jansema fan Harns is ferstoarn. Dat befêstiget de gemeente Harns nei berjochtjouwing yn de LC. Jansema ferstoar snein 14 febrewaris op Gran Canaria.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Jansema wie acht jier boargemaster fan Harns, fan 1989 oant 1997. Neffens de Ljouwerter Krante hat er him yn dy tiid sterk makke foar de ekonomyske ûntwikkeling fan de stêd. Hy spile in belangrike rol by de komst fan it sâltfabryk fan Frisia.

Jansema is 78 jier âld wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)