Marrit Fledderus nei 'it Ajax fan it reedriden' Reggeborgh, in ploech mei âlde bekenden

26 feb 2021 - 16:15

Reedrydster Marrit Fledderus rydt it takom seizoen foar Reggeborgh. Se makket de oerstap fan it Gewest Fryslân. De 19-jierrige sprintster út Sint-Nyk tekenet in kontrakt foar twa jier by de ploech fan trainer Gerard van Velde.

Marrit Fledderus - Foto: Orange Pictures

Marrit Fledderus

Fledderus har spesjaliteit is de 500 meter, mar de kommende jierren wol se har ek mear rjochtsje op de 1.000 meter.

Se is wiis mei de oerstap. "It is in superleuk team mei in goede útstrieling. Mei Gerard van Velde as trainer en safolle goede riders om my hinne, tink ik dat ik dêr echt groeie kin", seit se. "It is asof je fan Cambuur nei Ajax geane."

Pompeblêden

De pompeblêden dy't op it gewestlike pak steane, rekket se wol kwyt. "Dat is lestich, ik wit noch net hoe't ik dat oplosse kin."

By Reggeborgh komt Fledderus mear Friezinnen tsjin: Femke Kok en Michelle de Jong. "Mei Femke ha ik fjouwer jier yn in team sitten en mei Michelle trije jier. Ik fyn it moai dat we no wer byelkoar komme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)