PVV Fryslân set fraachtekens by rol fan Lelyline yn Deltaplan foar it Noarden

PVV Fryslân hat krityk op de promininte rol dy't de Lelyline krijt yn it Deltaplan foar it Noarden. De spoarline tusken de Rânestêd en it Noarden wurdt meinaam yn it Deltaplan, mar neffens de PVV is de komst fan de Lelyline noch fier fuort en is der troch de coronakrisis gjin jild foar.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Steatefraksje fan de PVV fynt it frjemd dat de Lelyline meinaam is yn it Deltaplan. Dat plan is in idee fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. Dy partij wol sa'n plan ha foar de fjouwer noardlike provinsjes om hjir it wenjen en wurkjen te stimulearjen.
Mar neffens de PVV is der op it stuit hielendal gjin sicht op de oanlis fan it spoar. Steatelid Harrie Graansma seit dat it opnimmen fan de Lelyline dêrom allinnich mar foar problemen soarget foar benammen de Fryske wenningmerk.