Thialf ûndersiket 'meiwyn' dy't 'falske rekôrtiden' feroarsaakje soe

26 feb 2021 - 17:22

Der komt in wiidweidich ûndersyk nei de blowers dy't yn Thialf foar rekôrtiden soargje soene. Meardere riders twivelje oer de earlikheid fan de sitewaasje. De TU Delft sil it ûndersyk útfiere, yn opdracht fan de direksje fan Thialf.

Foto: ANP

"Thialf heeft eerlijke competitie hoog in het vaandel staan en betreurt het dan ook dat sommigen vraagtekens bij dit onderwerp blijven zetten", sa stiet it te lêzen yn in ferklearring dy't sjoen is troch de NOS.

Rekôrtiden

De omstannichheden yn Thialf wiene al de hiele winter ûnderwerp fan petear. De iisflier is feroare, mar in feroaring yn it luchtsirkulaasjesysteem soe ek foar rappere tiden soargje. Yn desimber sei Thialf noch dat it grutte oantal rekôrs neat te krijen hat mei de luchtroasters.

It meast opfallend wie de prestaasje fan de Sweed Nils van der Poel op de 10 kilometer, by de WK ôfstannen. Hy pakte in sensasjoneel wrâldrekôr.

De earste konklúzjes fan it ûndersyk fan de TU Delft wurde ferwachte yn de rin fan maart.

Trefwurden: 
Thialf roasters meiwyn
(Advertinsje)
(Advertinsje)