Tal besmettingen sjit fierder omheech, gemiddelde ek

26 feb 2021 - 15:18

It RIVM meldt freed 260 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 66 mear as tongersdei, doe wienen it 194. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed 199 besmettingen deis bykaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (53), Ljouwert (44) en De Fryske Marren (25).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Achtkarspelen.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren twa Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, minsken út de gemeenten Waadhoeke en Tytsjerksteradiel.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.151 nije coronagefallen meld. Dat is ek flink mear as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, dat leit op 4.547.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)