Cambuur wol Almere City-fans stil krije: "Dan betsjut it dat wy it hiel goed dogge"

26 feb 2021 - 14:42

Op 25 septimber 2020 spile SC Cambuur foar it lêst in wedstriid mei publyk yn in fuotbalstadion. Snein sil dat foar it earst sûnt fiif moannen wer barre, as de Ljouwerters op besite moatte by Almere City en harren 1.351 fans. It is in eksperimint om te sjen oft der op koarte termyn wer publyk nei datsoarte eveneminten kin. Dy sille yn alle gefallen in SC Cambuur sjen mei aardich wat personiele problemen.

Trainer Henk de Jong

Nick Doodeman rekke moandei blessearre tsjin Jong FC Utrecht en is der net by. Datselde jildt foar Michael Breij en Mitchel Paulissen, hoewol't dy lêste wol wer op it fjild stie freed. Jamie Jacobs en Ragnar Oratmangoen binne twivelgefallen. En dus moat trainer Henk de Jong efkes sjen wa't er opstelle kin. "Ik moat efkes puzelje, mar we krije wol wer in goeie ploech. Der stiet in hiel goed team, wêrmei't we goed fuotbalje kinne tsjin Almere City. Mar ik kin noch net sizze wa't der spylje kinne."

David Sambissa werom

In spiler dy't wol wer by de seleksje sit, mar net yn de basis stiet, is David Sambissa. De ferdigener foel ferline wike tsjin Jong Ajax út mei in op it each swiere ankelblessuere. Freed draafde Sambissa op de training wer om as wie der neat bard. Dêr stie ek De Jong wol efkes fan te sjen. "It fernuveret my ek. Soms ha je dat soarte dinkjes dat it tafalt achterôf, dat it dan mear de skrik is", fertelt de Drachtster, dy't yn de basis lykwols de foarkar jout oan Alex Bangura.

Foto: Orange Pictures

Neist dat it in topper is op de ranglist - Almere City stiet tredde - is it in bysûnder duel om't der wer publyk by is. Dat libbet ek yn de spilersgroep fan de Ljouwerters, ek al binne der snein gjin Cambuur-fans by. Oanfaller Issa Kallon kin net wachtsje. "Ik denk dat we er allemaal echt naar uitkijken. Het is super lang geleden. Ook al zijn het er maar bijna 1.500, het is super leuk dat je dat voetbalsfeertje weer meemaakt."

Foar De Jong jildt dat ek. Dat makket de wedstriid ekstra moai yn de eagen fan de Cambuur-trainer. "Prachtich. It is in topper, dus ik snap dat se dit by sa'n wedstriid dogge. Dêr wolle de minsken wol nei ta. Ik hoopje dat der net in soad lawaai is, want dan betsjut it dat wy it hiel goed dogge."

'Stadiontsje' yn Ljouwert moat ek wer fol

Dat Almere no krekt yn sa'n wichtich duel thúsfoardiel hawwe sil, dêr wol De Jong net oan. Hy fynt it krekt wichtich dat der sokke ûndersiken dien wurde. "Ik hoopje dat ús stadiontsje dan ek wer moai folsit. Dit is allinne mar goed."

Ek Kallon ferwachtet gjin thúsfoardiel foar Almere, om't it der noch net iens 1.500 fans binne. "Ik denk niet dat wij daarvan in de war gaan raken."

Issa Kallon

Cambuur kin as koprinner goeie saken dwaan snein tsjin Almere City. As it wint, dan wreidet Cambuur de foarsprong op Almere út nei tsien punten. Wol hat Cambuur ien wedstriid mear spile. Dy blik op de ranglist hat Kallon ek dien. "Je weet dat als je wint, je een groot gat slaat. Dat hebben we in ons achterhoofd, maar we benaderen het als een normale wedstrijd."

De oanfaller tinkt dat de druk by Almere City leit. "Zij moeten echt. Zij zullen misschien wel denken dat dit hun laatste kans is om dichterbij te komen."

Wêr't se yn de Cambuur-seleksje mei boskjes omfalle, is Kallon krekt hartstikke fit. Hy wie yn de earste seizoenshelte in skoft blessearre en dêrom wie it efkes de fraach hoe't hy de trije wedstriden yn sân dagen trochkomme soe, mar dêrop hat er in posityf antwurd: "Ik voel me goed. Ik ben de drie wedstrijden goed doorgekomen en voel me fit."

De wedstriid tusken SC Cambuur en Almere City begjint sneintemiddei om 12.15 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Yanmar Stadion.

Sneon yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we foarút op it duel yn Almere. Moandei is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)