It ferhaal achter: 'Se janke noch krekt net en it is ekskús op ekskús, mar der bart noait wat'

04 mrt 2021 - 14:30

Langere jûnsklok? Sluting fan de hoareka? Alle wiken peilt ferslachjouwer René Koster de stimming oer in aktuele kwestje op de Ljouwerter freedsmerk en lit de stim fan it folk hearre. Wat binne de mieningen op strjitte? Ek de merkkeaplju sitte noait om in wurd ferlegen. Koster freget nei nijs dêr't oer praat wurdt, by it kofjesetapparaat en op de freedsmerk. De útspraak "Se janke noch krekt net en it is ekskús op ekskús, mar der bart noait wat" sei ien oer it ûndersyk nei de bernetaslach, dat dy wike spile.

Foto: Omrop Fryslân

De fraach wie oft minsken noch wol betrouwen yn de polityk hawwe, nei oanlieding fan de rap op inoar folgjende ûntwikkelingen by Forum voor Democratie. Thierry Baudet hie him as listlûker fan de politike partij weromlutsen fanwegen de opskuor oer de jongerein-ôfdieling fan dy partij.

Ien persoan op de freedsmerk luts de fraach wat breder en helle de bernetaslagge-affêre oan. "En dan moat ik ris te let wêze mei myn belesting. Dan seit de belesting 'ik heb geïncasseerd'. Se soenen allegear in skop ha moatte." Is de demokrasy yn Nederlân dan fallyt, frege René Koster. "Ja, dat is ek sa", wie it antwurd.

Freedsmerk fan 27 novimber

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Aktuele fraach

It is net dreech om alle wiken in aktuele fraach te betinken. "De hiele wike hâld ik it nijs yn 'e gaten, ûnder mear mei it doel om der in geskikte Freedsmerk-fraach út te heljen", seit ferslachjouwer René Koster. "Freeds belje ik om njoggen oere moarns mei kollega's op de Omrop om myn opsjes te besprekken, soms heakket dyjinge dy't mei it nijs fan dy dei dwaande is dêr ek noch ien oan ta."

Der is eins amper diskusje oer de fraach. "Wol beprate we soms ferskillende opsjes. Ik hâld sels by watfoar ûnderwerpen oan 'e oarder west hawwe en ek wannear. Ik wol eins net dat we twa kear ûngefear itselde dogge. Mar we sjogge ek nei wat fierder yn it nijsprogramma No yn Fryslân tusken de middei sit dêr't myn reportaazje yn te hearren is. En we sjogge nei de fragen dy't dy wike ek al oan minsken op strjitte steld binne en dy't te hearren binne yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn."

Advokaat fan de duvel

René Koster rint al in moai skoft op de freedsmerk om en kin sa stadichoan aardich ynskatte wat de mieningen fan fêste merkkeaplju binne. "By guon minsken wit ik yndie wol aardich út watfoar hoeke oft de wyn waait, mar dan is it faak ek wol wer ferrassend hoe't se it ûnder wurden bringe of beärgumintearje. Sels kies ik - mei sin - altyd wol wat de posysje fan advokaat fan de duvel: as ien in miening jout, besykje ik altyd in argumint deryn te goaien dat krekt by de tsjinoerstelde miening heart. Dan moatte se faak noch skerper neitinke en formulearje wat se bedoele en wêrom. Mar it bart ek wolris dat se sizze: 'Ja, dat is ek sa. Jo hawwe gelyk', wylst dat dan hielendal myn miening net hoecht te wêzen."

Yn it foar kin er faak ek al oanfiele watfoar ûnderwerpen heftige emoasjes oproppe. "Ja, dat giet faak om saken dêr't se persoanlik bot by belutsen binne en de polityk. Der is in kategory dy't alles wantrout wat politisy fine of sizze. Yn har eagen binne dat 'sakkefullers'. Foar my is myn radiobydrage slagge as it idee kloppet dat we in kwestje oansnije dy't libbet en dêr't minsken ferskillend oer tinke. It is minder slagge as elkenien it mei inoar iens is, mar gelokkich bart dat eins noait."

René Koster over de quote

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Stim fan it folk

Hy fynt it belangryk dat Omrop Fryslân ek de stim fan it folk hearre lit. "It is it petear fan de dei op strjitte. We hearre - ek by de Omrop - faak pommeranten oer fan alles en noch wat. Dat is ek logysk, mar de stim fan de gewoane man/frou moat ek heard wurde. Yn it begjin tochten we wolris dat in bepaald ûnderwerp miskien te dreech wêze soe, mar dat blykt yn de praktyk hielendal net sa te wêzen. Ek de gewoane man of frou is fansels net ûnnoazel. Oer grutte yngewikkelde etyske kwestjes bygelyks hawwe minsken faak echt wol neitocht. Fierder draacht it by oan de mieningsfoarming oer saken en hat de bydrage geregeld in humoristyske ûndertoan, sûnder dat it 'ôfwaaid praat' wurdt. En dat is ek wat wurdich. Net ien is ferplichte om te harkjen fansels, mar ik hear geregeld dat harkers it in moai item fine, dêr't se nei it waar fan Piet Paulusma echt eefkes foar sitten bliuwe."

De rubryk hyt de Ljouwerter freedsmerk, mar stiet eins foar de merk fan hiel Fryslân. "Foar in soad minsken út de doarpen is it fan âlds al de gewoante om op freed nei de stêd te kommen. Mooglik eartiids ek fanwegen de feemerk. Dy gewoante is blykber bleaun, sadat de freedsmerk noch altyd in moai moetingsplak fan in protte Friezen is en echt net allinnich fan Ljouwerters." Mar heakket René Koster deroan ta: "It is fansels ek praktysk: der binne altyd minsken. Sels by striemin waar binne der altyd noch de keaplju, dy't dan ek krekt wat mear tiid foar my hawwe."

Reaksjes op de reaksjes

De ferslachjouwer wurdt ek wolris oansprutsen op in miening dy't ien op de radio utere hat. "Mar faker krij ik noch reaksjes dat it Frysk 'striemin' is. Gelokkich blykt dan faak dat se net myn taalgebrûk bedoele, mar ien fan de sprekkers foar de mikrofoan dy't dan net alhiel geef Frysk prate.

De Freedsmerk is alle freeds te hearren yn nijsprogramma No yn Fryslân op de radio, nei it waar fan Piet Paulusma om healwei ienen. Ek online (webside en app) by Omrop Fryslân is dy dei in artikel te lêzen mei dêryn in pear fan de reaksjes.

Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder

(Advertinsje)
(Advertinsje)