Nije draai kultuerûnderwiis

Gemeente Ljouwert
In mearderhied yn de Ljouwerter gemeenteried wol dat der in sintrale organisaasje op in sintraal plak bestean bliuwt om it kultuerûnderwiis te fersoargjen. No docht Parnas dat noch, mar yn de eardere besunigingsplannen moast de organisaasje hielendal ferdwine om romte te meitsjen foar kulteureduaasje yn de wiken.
PvdA, VVD, CDA, D66 en de SP lykje ta te wollen op in oplossing dêr't Parnas as organisaasje by ferdwynt, mar ûnder in nije namme en mei in nije wurkwize werom komt. Dat hat Parnas sels ek as oplossing foarsteld. Hoefolle ekstra jild dat krekt kostet en hoe't dat betelle wurde moat, is lykwols noch net dúdlik. Dat sil no útsocht wurde.