Omrop fan Weststellingwerf 40 jier: "Toch aorig wotteld in de gemiente"

Taart by Radio Centraal yn Noardwâlde. De lokale omrop fan Weststellingwerf bestiet nammentlik fjirtich jier. De stjoerder is al sûnt 1981 aktyf en dêrmei ien fan de âldste lokale omroppen fan Nederlân.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It gebak en de kofje stean klear yn it gebou fan Radio Centraal yn Noardwâlde. Op de grutte tafel, dy't yn in romte neist de radiostudio stiet, stean al ferskate kaarten út Kanada en Afrika wei. It binne lokwinsken fan âld-frijwilligers, dy't Radio Centraal noch altyd witte te finen.

Wethâlder komt net mear oan wurk ta

Bestjoersleden Jan Koopman (foarsitter) en Jan Menger (vice-foarsitter) - "welkom, et is hier een janboel" - binne mar wat grutsk op de lokaasje dêr't de omrop no alwer in pear jier sit. "Dit gebouw is ooit bouwd as kleuterschoele. Daornao is et as aula bruukt deur de begraffenisverieninge", seit Koopman. "Doe et op 'e nommenaosie ston om sloopt te wodden, wollen wi'j d'r graeg in. Naovraoge bi'j de wethoolder leverde niks op. Et zol al ofbreuken wodden."
Dat liet Koopman der net by sitte. "Doe hebbe ik iederiene die op 'e lieste ston van elke perti'j in West-Stellingwarf een mailtien stuurd, dat et slopen van zoe'n kerakteristiek paand een grote fout wezen zol. Binnen een dag kreeg ik reaktie van de wethoolder, dat et zo niet deurgaon kon, want hi'j kwam niet meer an warken toe." En sa krige Radio Centraal it hjoeddeistige pân yn hannen.
Yn 1981 stjoerden trije jongemannen út Noardwâlde de earste lokale nijsútstjoering de eter yn. Yn it begjin wie dat yllegaal, mar it libben as in piratestjoerder wie yn it begjin o sa romantysk. Sneon sjocht Radio Centraal yn in spesjale útstjoering werom op dy perioade, dy't foarôf gie oan de legale status.
Radio Centraal bestiet 40 jier

Bingo populêr fan Dokkum oant Zwolle

Neffens vice-foarsitter Menger hat de omrop syn plakje yn Weststellingwerf yn dy fjirtich jier fertsjinne. "De omroep is toch aorig wotteld in de gemiente, en mit naeme in Noordwoolde. Hier biwwe toch begonnen op 'e zoolderkaemer van twie bruurs. Onderzuuk naor luusterders is vri'j priezig, dus dat doen we niet, mar bi'j de bingoshow en de verzuukplaetepergrammes mark ie toch dat dat aorig popelaire pergrammes binnen. Bi'j de bingo doen ze bi'jglieks mit van Dokkum tot Zwolle, zeg mar."
De omrop hat in grut oanbod fan ferskate programma's. Dêrby binne it benammen yn it wykein live-útstjoerings, fertelt Koopman: "Dan hebben we een streektaelpergramme, een pergramme mit verzuukplaeten, we hebben een pergramme dat hiet De Platenkoffer Van... En dan doen we veerder nog een hoop an aktualiteit, kultuur en sport hier uut de regio."

Sels It Frysk hynder komt foarby

De Jannen sitte yn it bestjoer fan de omrop, mar binne beiden ek presintator. Dêrby brûke se it Stallingwarfs, wêr't dat mooglik is. "Wi'j hebben ok vri'jwilligers die niet uut de Stellingwarven kommen, dus et gebeurt niet altied. Zels perbeer ik et zoveul meugelik te doen, zeker as ik een gaast hebbe waorvan ik weet dat ze et Stellingwarfs machtig binnen."
Dat it Frysk yn Weststellingwerf noch altyd net in soad brûkt wurdt, komt ek by it fersykplateprogramma nei foar. "Mar", laket Jan Menger, "It Frysk Hynder komt altied wel een keer veurbi'jdraeven. En dan diskrimineren wi'j niet, dan doen ok wi'j an Friese meziek."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar sjocht yn 'e studio fan Radio Centraal