WK yn Katar boykotte? "It lost miskien neat op, mar jo stelle wol in grins"

Oer oardel jier wurdt it WK fuotbal spile yn Katar. Moat Oranje dat toernooi boykotte no't fan 'e wike noch mar ris dúdlik waard dat by de bou fan de stadions al 6.500 minsken omkaam binne? Op de Ljouwerter freedsmerk wiene dêr in soad minsken foar.
© Omrop Fryslân, René Koster
"It is skandalich hoe't se dêr mei minsken omgean. Dat moatte jo net akseptearje, dus: thúsbliuwe!", sei ien fan de minsken op de merk. In oar sei dat in minskelibben dêr gjin stoer wurdich is: "Dus kappe!"
Oaren fûnen dat se soks net fan de fuotballers freegje meie. "Lit se dêr mar gewoan fuotbalje en lit de regearingen, de polityk en de bûnen har mar útsprekke oer de omstannichheden."

Dúdlik sinjaal

Fan de minsken dy't hat foar in boykot útsprutsen, tochten de measten dat it op himsels net iens sa folle úthelje soe. "Mar dan it is wol in dúdlik sinjaal!" Ek waard noch de suggestje dien om út te wiken nei in oar lân. "Dan giet it sportyf troch, mar krijt Katar gjin beleanning foar dit minne belied."
In échte leafhawwer, dy't foar in boykot wie, fûn wol dat er wol gewoan sjen koe, mocht it allegear trochgean. "De telefyzje stiet oan, dus dan sjogge jo, Sa wurket dat gewoan."
Wat fine se op de freedsmerk, moat Nederlân it WK yn Katar boykotte?