Arriva set wer mear bussen yn

26 feb 2021 - 12:12

Arriva set fan moandei 1 maart ôf yn wer mear bussen yn yn Fryslân. De ferfierder ferwachtet troch de ferrommings fan de coronamaatregels dy't it kabinet ôfrûne tiisdei ôfkundige in lytse reizgersgroei.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Se skeakelje dêrom oer fan de simmerfakânsjetsjinstregeling nei de saneamde 'lytse-fakânsjetsjinstregeling'. Dat betsjut dat der op de linen 21, 51, 97, 114 en 315 ekstra ritten ride. Dat jildt ek foar de 22, 23, 35, 52/552, 573, 593, 94, 97, 603, 651.

Yn gearspraak mei de buertbusferienings is besletten dat alle buertbussen yn Fryslân mei yngong fan 1 maart ek wer ride kinne. Se ride dêrby in normale tsjinstregeling.

Trefwurden: 
bus Arriva ferfier coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)