GGD Fryslân: grutte soargen oer ferrommingen coronaregels

26 feb 2021 - 20:00

De GGD Fryslân makket him grutte soargen oer de gefolgen dy't de ferrommingen fan de coronamaatregels ha. It kabinet sei dizze wike dat de measte kontaktberoppen wer oan de slach meie, dat winkels beheind iepen kinne en dat it fuortset ûnderwiis en mbû-skoallen wer fysyk lesjaan meie. It tal besmettingen rint lykwols op.

Foto: SRFotografie

Everhard Hofstra (GGD Fryslân) oer soargen, de sifers en de faksinaasjes

De soargen wurde grutter, seit de GGD, no't der mear frijheden komme wylst de besmettingssifers oprinne. De GGD bliuwt tige wach, no't fan takom wike ôf troch it hiele lân mear bewegingen komme, omdat it kabinet mear saken tastiet.

Yn Fryslân binne de ôfrûne wike 1.350 besmettingen fêststeld, in groei fan 20% yn ferliking mei in wike lyn. Lanlik rint it tal besmettingen sawat like hurd op. "We hebben deze week zo'n 11.000 mensen getest", seit Everhard Hofstra fan de GGD. "Vorige week nog 8.565. Dat zal ook een deel van de stijging verklaren, maar het blijft zorgelijk."

Qua aantallen kunnen we ons nog zeker niet rijk rekenen, dat maakt het spannend.

Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân

"Het mooie weer nodigt uit om naar buiten te gaan", seit Hofstra. "Maar als we deze versoepelingen willen, moeten we echt zorgen dat we niet te veel bij elkaar komen. We zitten in een spagaat. Maar qua aantallen kunnen we ons nog zeker niet rijk rekenen, dat maakt het spannend."

Hy sjocht dêrby ek nei de polityk. Yn de Twadde Keamer waard dizze wike roppen om noch mear ferrommingen. Hofstra: "Vanuit medisch oogpunt kijken we naar hoe we de besmettingen zo laag kunnen houden. Dat betekent het liefst zo min mogelijk versoepelen. Anders lopen de getallen weer op en dan kan de politiek niets anders dan versoepelingen terugdraaien."

Ek goed nijs

De GGD is wol wiis mei it feit dat der minder coronabesmettingen binne yn ferpleech- en fersoargingshûzen. Dat wiist derop dat de faksinaasjes dêr no effekt ha. Ek yn de sikehûzen binne der minder coronagefallen.

Protte besmettingen op skoallen en by bedriuwen

Wylst it tal besmettingen ûnder de âlderein weromrint, binne der folle mear bern en fjirtigers dy't besmet reitsje. Op basisskoallen, dy't twa wiken lyn wer iepen mochten, is it tal besmettingen yn ien wike groeid fan 41 nei 102. Dat giet om 81 learlingen en 21 meiwurkers. Dat der mear besmettingen fêststeld binne, komt neffens de GGD ek trochdat der stranger test wurdt.

Net allinnich op skoallen, mar ek by bedriuwen binne der in soad besmettingen. De GGD seit ekstra wach te wêzen op de situaasjes dêr.

Mear faksinaasjes foar âlderein

De GGD hat dizze wike minder Friezen faksinearre as in wike lyn. It gong fan 10.291 prikken nei 7.509. Foarige wike wie in útsjitter, omdat doe de minsken op de Waadeilannen faksinearre binne.

Soarchmeiwurkers dy't yn nau kontakt steane mei bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûzen, ha op syn lêst moandei allegear in twadde prik mei it Pfizer-faksin hân. Dêrtroch kinne mei yngong fan moandei mear âlderen in faksinaasje krije, seit de GGD. Dat giet fan 440 nei 730 deis.

Oant no ta geane de prikken nei de minsken fan 80 jier en âlder. Fan tiisdei ôf krijt ek de groep thúswenjende âlderen tusken de 75 en 80 jier in útnûging fan it RIVM. In oare nije groep dy't in útnûging ferwachtsje kin bestiet út de meiwurkers yn de wykferpleging dy't yn nau kontakt steane mei de kliïnten.

Priklokaasje yn Dokkum fûn

Moandei iepenet de GGD in faksinaasjelokaasje yn Drachten. Omdat de GGD net mear faksins krijt, betsjut it dat der yn it WTC Expo yn Ljouwert dêrom earst minder prikt wurdt. Uteinlik giet it tempo wol omheech. "Dan komen er meer vaccins beschikbaar en prikken we meer mensen", seit Hofstra.

De GGD wol úteinlik acht faksinaasjelokaasjes hawwe op it fêstelân. Yn Snits giet ynkoarten ien iepen oan de Akkerwinde 1. Yntusken is der ek in plak fûn foar de lokaasje yn Dokkum, dêr wurde de prikken set yn sporthal De Trimmer. Wannear't dat krekt begjint, is noch net bekend. De GGD tinkt yn april. Letter komme Frjentsjer, It Hearrenfean, Koudum en Easterwâlde der ek noch by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)