Ljouwerter dy't yn 'minne speed' dealde krijt wurkstraf fan 200 oeren

26 feb 2021 - 11:21

De rjochtbank hat in 47-jierrige Ljouwerter in wurkstraf fan 200 oeren jûn foar it besit en de hannel yn harddrugs en it stellen yn in wikel. De man kaam nei foaren yn in plysjeûndersyk nei drugsoerlêst yn de stêd.

Foto: Shutterstock.com / Aleksandr Gavrilychev

Yn de wenning fan de Ljouwerter waarden 40 gram speed, 75 rôze en 25 blauwe pillen fûn. Njonken de drugs hie er in boksbûgel en in mes yn 'e hûs.

Neffens de klanten fan de man ferkocht er kwalitatyf minne drugs. Ien fan de klanten soe yn in psygoaze rekke wêze nei it brûken fan speed.

De offisier fan justysje tinkt dat de Ljouwerter dealde om oan jild te kommen wêrmei't er sels drugs keapje koe. Doe't de plysje delkaam, hie de man 2.500 euro by him.

(Advertinsje)
(Advertinsje)