Arjan Stroetinga (39) hinget de redens oan de wylgen: "It hat moai west sa"

Arjan Stroetinga hâldt dermei op. De reedrider is no 39 jier en fynt dat it genôch west hat. Hy wurdt yn maaie foar de fjirde kear heit en wol him rjochtsje op syn baan as autoferkeaper. "It hat moai west sa", seit er.
Arjan Stroetinga hâldt op
"Ik ha in moaie kariêrre hân en kin no noch sizze dat ik yn myn lêste jier mei de bêsten meikomme koe." Stroetinga pakte ferline wike noch sulver op de massastart op it WK ôfstannen. "Allinnich foar in Alvestêdetocht wie ik trochgong, mar dat is sa lestich te plannen. Dat is wol spitich, dat ik dy net meimakke ha." Stroetinga wie yn 1997 fyftjin jier.
Takom jier binne de Olympyske Spelen yn Peking. Mei it sulver op de massastart fan twa wiken lyn soene je sizze dat hy der noch in jier oan fêstplakt. "Mar dat sjoch ik net sitten. Ik ha my al sa faak bewiisd op de massastart en dochs gjin plak krigen op de Spelen. Gjinien jout my de garânsje dat ik selektearre wurd foar de Spelen. It is goed sa."
© OrangePictures

Sân kear Nederlânsk kampioen

Stroetinga, berne yn Easterwâlde, waard sân kear Nederlânsk kampioen op keunstiis. Dêrmei is hy rekôrhâlder. Fjouwer oare riders hawwe trije kear de titel pakt, mar dy komme net yn de buert fan de sân titels fan Stroetinga. Hy wûn it Iepen Nederlânsk Kampioenskip op de Weissensee, de 100 fan Earnewâld en pakte 59 oerwinnings yn it maratonseizoen.
Stroetinga pakte fiif kear de Nederlânske titel op de massastart. Yn 2015 waard hy wrâldkampioen massastart en in jier letter pakte hy de wrâldtitel op de efterfolging. Twa wiken lyn pakte hy noch sulver op it WK ôfstannen yn Thialf troch twadde te wurden op de massastart efter Joey Mantia.

Broer Wim

Arjan Stroetinga, dy't no yn Wynjewâld wennet, is de broer fan hurdfytser Wim Stroetinga, dy't in pear moannen lyn bekend makke dat hy ophâldt. Yn syn deistich libben is Stroetinga autoferkeaper.