Wetter yn Lauwersmargebiet tydlik heger set foar groei belangryk wetterreid

26 feb 2021 - 10:58

De provinsjes Fryslân en Grinslân begjinne dit wykein mei in wetterstânproef yn it Lauwersmargebiet. Mei de proef wurdt it wetter tydlik heger set, om it reid groeie te litten.

Foto: ANP

Fan âlds siet de Lauwersmar fol mei reid, mar dat is no hast folslein ferdwûn. Dat is in grut risiko foar de natuer yn it gebiet, want de ferskûle plakjes binne just tige geskikt foar fûgels lykas it blauboarstke en de reidsjonger. Ek de reiddomp en it bûnt reidhintsje brûke wetterreid om feilich te brieden.

It reid is ek nedich foar in goede kwaliteit fan it wetter en foar de fiskstân. En it wetterreid, dat sterker is as gewoan reid, beskermet de wâlskant tsjin it wetter, troch de streaming te brekken. De ôfrûne jierren binne der al meters wâlskant fuortslein.

De proef soe al earder dizze moanne begjinne, mar dat waard útsteld. Dit wykein sil it dochs los.

(Advertinsje)
(Advertinsje)