Viruswaarheid ferliest heger berop; jûnsklok bliuwt

Aksjegroep Viruswaarheid hat it heger berop oer it ôfskaffen fan de jûnsklok ferlern. De útkomst fan it tsjin de Nederlânske steat oanspande koart pleit hat gjin ynfloed op de jûnsklok, dy wie yntusken al fia in spoedwet yn it parlemint regele.
© Omrop Fryslan
Foar de boetes foar it oertrêdzjen fan de jûnsklok koe de útspraak lykwols noch wol gefolgen hawwe. Sûnt de ynfiering fan de jûnsklok op 23 jannewaris binne likernôch 33.000 boetes útdield. It Iepenbier Ministearje hat earder al witte litten sûnt de útspraak fan de rjochter de boetes útsteld te hawwen.
Tsjin dizze útspraak is noch kassaasje mooglik by de Hege Ried.