Dizze wike 20% mear coronabesmettingen yn Fryslân as foarige wike

26 feb 2021 - 10:21

It tal coronabesmettingen yn ús provinsje is de ôfrûne wike mei 20% tanaam. It RIVM melde de ôfrûne sân dagen 1.350 positive coronatests, dat wie in wike lyn noch 1.129. It byld is yn line mei de lanlike trend.

De coronatestlokaasje yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gemiddeld waarden de ôfrûne wike alle dagen 193 nije besmettingen meld. Dat sifer lei foarige wike noch op 161.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert, nammentlik 255. Dat binne der 39 mear as in wike lyn. Nei Ljouwert komt Súdwest-Fryslân mei 234. Dêr wienen it ferline wike noch 180, dus in groei fan 30%.

Relatyf in soad yn Achtkarspelen

Omrekkene nei it tal ynwenners binne fan alle fêstelânsgemeenten de measte besmettingen yn Achtkarspelen: it binne der 84, mei oare wurden 302 op 100.000 minsken. Dêrnei komme Dantumadiel (261 op 100.000) en Súdwest-Fryslân (260). Allinnich Skiermûntseach stekt der boppeút: op it eilân binne 12 besmettingen fêststeld, mar omdat der net in soad minsken wenje, is dat relatyf in hiel soad (1.267 op 100.000).

Mei de 1.350 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 25.787 Friezen it coronafirus fêststeld.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

It tal stjergefallen troch corona leit noch altyd heech yn ús provinsje, mar wol flink wat minder as de ôfrûne wiken. Dizze wike waarden der 21 meld, ferline wike wienen dat noch 39. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

Dat it tal stjergefallen werom rint, hat der mooglik mei te krijen dat de situaasje yn de ferpleechhûzen wat better is. Dêr binne minder útbraken, Dat wiist der neffens it RIVM op dat de faksinaasjes dêr no helpe.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 386. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)