Eigener Ljouwerter wynwinkel Wielinga wist neat fan plannen foar apparteminten boppe winkel

Eigener Jaap Poelstra fan wynwinkel Wielinga oan de Molenstraat yn Ljouwert seach ferheard op doe't klanten fregen oft de saak slute sil. Omwenners hiene nammentlik in briefke yn de bus krigen dêr't plannen op stean om boppe de winkel apparteminten te bouwen. Poelstra wist lykwols fan neat: "In bysûnder ferhaal."
© Google Street View
"De brief is in saneamd prinsipefersyk fan de gemeente", leit Poelstra út. Yn de brief stiet dat in anonime ûntwikkelder acht apparteminten bouwe wol boppe de wynsaak. Mei sa'n prinsipefersyk besiket de gemeente ôf te taasten wat de omjouwing fan it plan fynt. Poelstra: "Wy wisten yndie fan neat. Dat wie wol hiel frjemd."
"Yn dy brief siet in sketsûntwerp fan in arsjitekt. Dêryn wie ús hiele winkel fuort", ferfolget Poelstra. Ta grutte skrik fan him en in soad klanten fan de wynwinkel. "Klanten kamen by ús binnen en fregen: 'wat is der oan de hân? Gean jim fuort?'" Oaren stelden fragen oer de ferbouplannen. "We krigen de brief fan ús buorlju. Dêrnei hiene we eins allinnich noch mar mear fragen, dus doe hawwe we mei de gemeente kontakt opnaam."

Bedriuw jier stillizze

Dy docht neffens Poelstra hiel luchtich oer de kwestje. "It giet dan om in prinsipefersyk, dus wy as omwenners kinne sizze wat wy derfan fine. En wy fine der nochal wat fan. As it trochgien soe, leit ús bedriuw wol hast in jier stil." It giet nammentlik om in grutte ferbouwing. "Der moat ûnder oare in tuskenflier fan 200 kante meter stoart wurde en it dak moat der miskien ôf. Wy hawwe in kelder mei 70.000 flessen deryn, dus dat hat enoarme impact op ús bedriuwfiering."
It fernuveret Poelstra dat de projektûntwikkelder, dy't himsels net bekend makke hat, net earst yn petear gie mei de wynhannel foar't dy nei de gemeente stapte. De gemeente kin yn ferbân mei privacy net sizze wa't de ûntwikkelder is. Poelstra seach dan ek noch ferhearder op doe't de eigener fan it pân wol wist wa't de ûntwikkelder is. "Hy is mei harren yn petear, mar wist net dat de ûntwikkelder al in folslein plan yntsjinne hie. Dus it is allegear hiel frjemd."

Skriftlike fragen

D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert hat yntusken skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster & wethâlders. "Dat rint no, dus dat wachtsje wy ôf." De wynwinkel bliuwt foarearst yn elts gefal op syn plak. "Wy binne net fan plan fuort te gean", beslút Poelstra.
Eigener Jaap Poelstra fan wynwinkel Wielinga