Kollum: "In hûnelibben"

26 feb 2021 - 08:32

"Ik folgje in stichting op Facebook dy't benammen hûnen as Berner Sennens, Sint Bernards en New Foundlanders opheint. It binne entûsjaste frijwilligers en by de kennel dêr't wy ús Timmy weihelle ha, rinne hûnen om fan dizze stichting dus sadwaande tink ik dat it wol goed sit. En foardat wy Timmy dêr weihellen, hie ik alris by in jonge Sint Bernard yn ús provinsje sjoen dêr't se in oar plak foar sochten. It kontakt mei de stichting ferrûn hiel goed en it kaam fertroud op my oer.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Dizze stichting hat lêst in berjocht dield oer in hûn fan noch mar 7 moanne âld dy't al by de tredde eigner wie! It gong om in Golden Retriever dy't in frou fia Marktplaats kocht hie, twa wiken foar dat se him alwer kwyt woe. Hy soe gedrachsproblemen ha en kreupel wêze mar de gedrachsproblemen liken earder normaal pubergedrach te wêzen en wêrom't er mank rûn, wist de eigner net.

Se hie net mei de hûn nei de bistedokter west want dat wie te djoer en se hie ek al 1100 euro foar de hûn sels betelle! Se wie wol bliid dat se de hûn 'rêden' hie fan de foarige eigners mar fielde har belazere omdat sy no mei de ellinde en de hege kosten siet. Se woe dat de stichting de hûn ophelle en dan moasten se ek fuortendaliks it oankeapbedrach oan har werom betelje, sadat sy wer in nije hûn keapje koe. Dat hat de stichting net dien en doe is de hûn op 'e nij ferkocht, oan eigner nûmer fjouwer!

It giet sûnt de lockdowns need yn de hûnehannel en de prizen ha noch noait sa heech west! De stichting krijt hieltyd faker hûnen oanbean foar needopfang, mar meastal binne it baaskes dy't it leafste sa gau mooglik fan de ympulsoankeap ôf wolle én it jild werom ha wolle. Dat kin de stichting net dwaan, mar emosjoneel is it in drege tiid foar de frijwilligers.

Sa krigen se ek in Sint Bernard-pup oanbean fan 15 wiken âld. It earme bist wie mar 6 kilo! De papieren en faksinaasjes doogden net en hy hie Giardia. Dat is in parasyt dêr't in hûn slim siik fan wurde kin as it net behannele wurdt. It is ek besmetlik foar minsken en in soad pups dy't by breafokkers weikomme ha dizze parasyt.

De eigner woe it oankeapbedrach fan 1950 euro werom ha en dat hat de stichting ek net dien. Doe is it hûntsje koart dêrnei foar 2250 euro ferkocht fia Facebook dus jim begripe wol dat de sitewaasje djip tryst is foar in protte hûnen. De breafokkers ha it noch noait sa drok hân en it wurdt heech tiid dat dêr in ein oan komt!

De stichting dêr't ik it oer ha is 'Stichting Charlotte's Angels' en it is in non-profitorganisaasje. Se heine hûnen op dy't bygelyks út de breafok komme, of hûnen dy't ferhûzje moatte omdat it baaske siik is. Se soargje derfoar dat safolle mooglik hûnen wer in goed plakje krije en de seleksjeproseduere is bêst wol strang.

Sa soe it by elkenien wêze moatte dy't hûnen fokt en ferkeapet want immen dy't oprjocht fan syn bisten hâldt, wol witte wêr't se telâne komme. Mar dat komt de minsken dy't net goed oer har ympulsoankeap neitinke fansels minder út. Dy wolle NO in hûn en dan is de breafokker in útkomst.

Mar ast no in hûn ha wolst, tink dat efkes oan it boppesteande ferhaal en brûk dan asjebleaft NO dyn sûne ferstân! Want dêr ha in soad hûnen nammentlik mear oan as nei de fierde eigner te ferhûzjen wylst se noch net iens ien jier âld binne."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)