Sportûndernimmers stjoere brânbrief oan Fryske kolleezjes

26 feb 2021 - 08:25

Sa'n njoggentich Fryske sport-, yoga-, dûns- en crossfitûndernimmers stjoere alle Fryske boargemasters en wethâlders in brânbrief. Dêryn jouwe sy oan dat it wetter harren oan 'e lippen stiet en dat it iepenjen fan harren bedriuwen de iennichste opsje is om net fallyt te gean. De sportsintra binne yn ferbân mei de coronamaatregels nammentlik noch altyd ticht.

Sportûndernimmers stjoere brânbrief oan Fryske kolleezjes

De sportsintra binne no foar de twadde kear moannen sletten. De finansjele stipe dy't sy krije, is neffens harren absolút net genôch en se hawwe gjin fet om 'e bonken mear. De ûndernimmers binne der dan ek fernuvere en lilk oer dat de oerheid in stipepakket opsteld hat foar 'welzijn en leefstijl in coronatijd'. Dat soe oanstjoerd wurde moatte út gemeenten en buertsportcoaches wei.

Dy soene it lykwols al fiersten te drok hawwe mei allinnich de coronapandemy. En dat wylst neffens de sportûndernimmers dy't de brânbrief stjoere de echte professionals op it mêd fan wolwêzen en leefstyl - sysels - thús sitte en harren bedriuwen ticht binne.

Sport is goed foar sûnens

De sportsintra sizze dêrneist dat beweging en ûntspanning soargje foar in goede sûnens, minder stress en eangst, hegere wjerstân en sterke geastlike sûnens. Sport soe dêrom just previntyf ynset wurde kinne en bydrage oan it foarkommen of ferkoartsjen fan de tiid dat ien yn it sikehûs leit of werstelle moat fan corona. Dat soe wer de druk op de soarch ferleegje en soarchkosten besparje.

Doarren iepen

"Het is bijzonder hoe deze overheid volledig voorbij gaat aan het feit dat de sport, yoga-, dans- en crossfitsector al lang de infrastructuur klaar hebben om binnen de veiligheidsrichtlijnen van de coronavoorschriften te werken", skriuwe de njoggentich ûndertekeners yn harren brief.

De sportsintra litte de Fryske kolleezjes dan ek witte dat in grut part fan harren gjin oare opsje mear sjocht om, yn neifolging fan bygelyks de hoareka, ynkoarten de doarren wer iepen te setten.

Sa'n trijehûndert fitnesssintra hawwe al oanjûn sneon harren doarren te iepenjen, út protest tsjin de coronamaatregels.

"De ziel is eruit"

De grutte lessealen fan Club Yoga yn Ljouwert stean al moannen leech. "De ziel is eruit", omskriuwt oprjochter Rianne Hoekstra it. "Wij zijn klaar om open te gaan en mensen te voorzien van de nodige ontspanning, want veel mensen hebben daar enorm behoefte aan."

Dat kin neffens har feilich. "We zijn erop voorbereid en kunnen dat professioneel doen." Hoekstra hopet dat boargemaster Buma druk útoefenje kin op de polityk yn Den Haag. "We hopen dat we mensen gezonder kunnen maken en daardoor de druk op de zorg kunnen verlagen."

Minsken wurdt oanret om te sporten en te bewegen, mar op itselde momint binne sportsintra ticht. "Wij mogen niks en dat is heel dubbel. Terwijl onze zaken op het randje staan van verdrinken."

Rianne Hoekstra, eigener fan Club Yoga

(Advertinsje)
(Advertinsje)