'Stilzitten is geen optie': sportskoallen proteastearje tsjin coronamaatregels

26 feb 2021 - 07:15

'Stilzitten is geen optie'. Mei dy gjalp sette hûnderten sportskoallen yn Nederlân sneon tusken 9.00 en 15.00 oere harren doarren iepen út protest tsjin de coronamaatregels, dy't bepale dat sy noch hieltyd net iepen meie. "We hebben alles zo goed voor elkaar, dus er is geen reden om dicht te blijven", seit Erwin Boonstra fan sportskoalle Ursus yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Boonstra hold tiisdei in aaklik gefoel oer oan de parsekonferinsje. "Je gaat er toch van uit dat je op 2 maart weer open mag", fertelt er. "Sporten is gezond, we moeten mensen in beweging houden. Maar de overheid denkt daar anders over helaas." Neffens Boonstra kinne de sportskoallen maklik op feilige wize iepen. "We kunnen al heel lang veilig open." De besmettingsgraad yn sportskoallen soe nammentlik leech wêze.

Dêrom docht Boonstra sneon ek mei oan de protestaksje en mei him noch sa'n trijehûndert sportskoallen yn Nederlân. "We proberen op deze manier een vuist te maken en te laten zien dat wij er ook zijn." Tusken 9.00 en 15.00 oere sette de sportskoallen harren doarren iepen. Dan kin der lykwols net binnendoar sport wurde. "We doen het allemaal buiten. We houden ons aan de regels, maar we willen ons wel laten horen."

"Slaat nergens op"

Op de stoep foar de sportskoalle wurde der fitnessapparaten delset. "Dan kunnen mensen daar elk halfuur een plekje reserveren om een workout te doen." Der is neffens Boonstra al in soad belangstelling. "We hebben alleen op de middag nog een paar momenten vrij, dus we overwegen om er nog een fiets bij te zetten."

De klanten wolle nammentlik like graach wer los. "Als er weer een persconferentie is geweest, vragen mensen ons waarom we niet weer open mogen. Dat slaat nergens op. Het enige wat wij kunnen doen is afwachten en ons houden aan de regels. We hopen dat we snel weer open mogen, maar we gaan nu wel actievoeren om iets eerder open te kunnen gaan."

Erwin Boonstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)