Wadvogelwerkgroep ropt op ta gearwurkjen oan de Waadkust

Lânbou en natuer, mar ek oare partijen op en oan de Waadkust soene mei elkoar op syk moatte nei oplossingen dy't foar elkenien goed útpakke. Dy oprop dogge de fûgeltellers fan de Wadvogelwerkgroep, hast fyftich jier neidat dy oprjochte is.
Oprop ta gearwurkjen oan de Waadkust
Doetiids wie de ynpoldering fan it bûtendykske lân oan de Waadkust noch aktueel. De ûnrest wie grut. En no wer, omdat de natuer yn it Waad achterút buorket mei troch klimaatferoaringen dy't ek wer problemen opsmite foar de feilichheid fan it gebiet. Dêrom wurdt der sjoen nei kreative oplossingen dy't ek mooglik gefolgen hawwe kinne foar de bedriuwsfiering fan boeren.
De boeren binne der lang net altiten bliid mei en protestearje. Foarsitter Meinte Engelmoer fan de Wadvogelwerkgroep hopet dochs dat lânbou en natuer elkoar fine kinne. Ek al wiene de relaasjes wolris wat stikelich, hiel lang gie it relatyf goed. Engelmoer: "Sûnt de njoggentiger jierren hiene wy hjir op de kust in aardige status quo. Alle striid tusken boeren en natuer hie west. Binnendyks wiene it de boeren en bûtendyks de natuer."

Ynpoldering

De Wadvogelwerkgroep is yn 1972 oprjochte doe't de ynpoldering fan parten fan de Fryske kust om goed ierappellân te meitsjen noch aktueel wie. "Einliks wie der gjin idee fan as it ek goede fûgelgebieten wienen of net", seit Engelmoer. Dus waarden de fûgels teld. Doetiids sieten de measte fûgels yn de kwelders en waard der ek folop bret. De simmerpolders waarden yntinsyf brûkt troch boeren.
Troch predaasje binne de briedende waadfûgels foar in grut part út de kwelders ferdwûn, mar krigen de simmerpolders nei ferrin in wichtige funksje as briedplak foar greidefûgels. Al sit der ek wol wat oerlaping yn de definysje fan greidefûgels en fûgels fan it Waad.
Strânljippen oan de Waadkust © Remco de Vries
De wurkgroep bestiet no út sa'n fjirtich leden. Foar Henk Hiemstra fan Ferwert is it geregeld tellen fan de fûgels yn it gebiet boppe syn wenplak in bydrage oan it behâld fan de natuer. "Ik genietsje fan de natuer, mar ik fyn it ek wichtich dat dy natuer der bliuwt", seit er. "Dêrom dogge wy dy tellingen ek want meten is weten. Dat is dochs wol hiel belangryk."
Dat mjitten is ek wichtich om te witten wannear't der wat gebeure moat as saken net goed gean. En dat is op it stuit sa. De aktuele stân fan saken is dat de Waadsee mei de kwelders in Natura2000-gebiet is en dat betsjut dat Nederlân neffens de ôfspraken dy't dêroer yn Europa makke binne, ferplichte is om de natuerkwaliteiten fan dat Waad te behâlden.

Belangen

De lêste rapporten dy't dêroer nei de Europeeske mienskip stjoerd binne, litte sjen dat dy ynstânhâldingsdoelen net helle wurde. Koartlyn is der in Waadaginda fêststeld dy't hâldfêst jaan moat as it giet om it oplossen fan dit probleem. It Ryk hat earder ek al fêstlein dat it natuerbelang foarop stiet yn it Waadgebiet.
Mar der spylje fansels mear belangen yn en om de Waadsee en de besluten dy't de natuer helpe moatte, binne noch net makke. Dat is ek net hiel frjemd want neist it ferskaat oan belangen dat der is, is der ek in ferskaat oan grutte problemen dêr't in oplossing foar fûn wurde moat. En dat makket it ôfwagen fan dy belangen net makliker.
Swarte Haan © Remco de Vries
De klimaatferoaringen sitte net allinnich de fûgels yn it paad, ek de feilichheid moat oanpakt wurde middels in oanpak fan de seediken fan Koehoal oant en mei Lauwerseach. It sâlter wurde en ferdrûging fan de grûn binne no ek al problemen foar de lânbou en foar in part ek foar de natuer.
De leefberens foar minsken troch krimp en fergrizing is ek noch wat dêr't de regio mei wrakselet, mar ek al oplossingen foar oan it betinken en útfieren is. De rekreaasje soe dêrby in wichtige rol spylje kinne. Al mei al stiet der nochal wat op 'e aginda.

"Kânsen sykje"

Meinte Engelmoer: "Der binne nije spilers by kaam en dat freget ek om nije oplossingen. It is in kwestje fan mei elkoar fierder tinke en kânsen sykje. Je moatte net sizze fan 'dan moat de lânbou dit mar oplosse' of 'dan moat de natuer dat mar ynleverje'. Wy moatte krekt salang trochgean oant wy de oplossingen hawwe. En wol op sa'n wize dat it foar elkenien de muoite wurdich is."
In wytstirns boppe it Noarderleech © Remco de Vries
En fansels moat der teld wurde. De Wadvogelwerkgroep bestiet takom jier fyftich jier en der wurdt op it stuit in boek skreaun. Fyftich jier lyn út ûnrêst en leafde foar de natuer ûntstien, besiket de wurkgroep no in brêge te slaan yn in tiidsrek fan nije ûnrêst tusken de brûkers, bewenners en leafhawwers fan de Fryske Waadkust.
Meinte Engelmoer en Henk Hiemstra