Stichting FB Oranjewoud nimt grutte risiko's mei miljoene-erfenis Friesland Bank

26 feb 2021 - 21:00

Stichting FB Oranjewoud is as erfgenamt fan de Friesland Bank ien fan de rykste fermogensbehearders yn it Noarden. Yn 2012 krige it 126 miljoen euro om yn kultuer en aktiviteiten yn it Noarden te stekken. Mar it is net dúdlik hoefolle jild der noch is en wat de ideeën efter de ynvestearringen binne. It behear fan miljoenen leit yn hannen fan trije manlju: ûnder harren rezjym wurdt FB Oranjewoud hieltyd mear in risikofolle ynvestearder en fêstgoedûndernimmer.

Stichting FB Oranjewoud nimt grutte risiko's

Stichting FB Oranjewoud wurket op Landgoed Oranjewoud, yn de bosken fan Oranjewâld. It jild dat it yn behear hat, komt út de neilittenskip fan Friesland Bank. Dizze bank waard yn 2012 oernaam troch Rabobank. Doe is ôfpraat dat der in 'breidsskat' út de reserves nei Stichting Fryslân Boppe gie. It gie om 126 miljoen euro, besteande út goed 4,5 miljoen oandielen Van Lanschot, in cashbetelling fan 25 miljoen en Frysk erfgoed, lykas it bûten yn Oranjewâld en in keunstkolleksje.

De namme waard letter Stichting FB Oranjewoud. Doel is om it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Fryslân te stimulearjen. Dat bart mei donaasjes oan bygelyks keatspartijen en it Oranjewoud Festival, mar ek yn it dielnimmen yn bedriuwen lykas krantebedriuw NDC en ierdewurkfabryk Koninklijke Tichelaar. Sa moat it jild 'weromjûn' wurde oan de Fryske mienskip.

'Doarkapitalist'

Ald-Friesland Bank-direkteur Douwe Keizer fynt dat de stichting ta in 'doarkapitalist' ferwurden is. Syn idee wie dat as it misrinne soe mei syn bank, dat it fermogen nei maatskiplike en kulturele doelen yn de provinsje gie. Hy hat it yn 1994 as betingst opnimme litten yn de statuten. Foarsitter Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud seit it as swiere ferantwurdlikens te fielen, mar dochs liket de stichting in paad fan risiko's en spekulaasje te kiezen.

Dat docht al bliken by de oprjochting: de stichting trune derop oan om oandielen yn de bank Van Lanschot oer te nimmen, wylst de koers omleech gie en de Friesland Bank en letter de Rabobank de oandielen just graach kwyt woene. Neffens Volkers waard de stichting lykwols twongen ta it oernimmen. Rabobank ûntkent dit wer. De wearde fan de Van Lanschot-oandielen keldere, de stichting seach tydlik 41 miljoen euro firtueel ferdampen. Pas yn 2014 slagge it om it foar sa'n 70 miljoen euro te ferkeapjen.

Landgoed Oranjewoud yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Nuvere sprongen: fan kranten ta fleanfjild

In oare risikofolle stap wie it oernimmen fan de Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC) yn 2013, de útjouwer fan ûnder oare Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. FB Oranjewoud krige úteinlik mear as 82 persint fan de oandielen. NDC draaide ferlies en hie it in skuld fan 180 miljoen euro. Yn de ôfrûne jierren moast de stichting hieltyd byspringe om it mediakonsern te helpen.

Neffens Gert Jan Oelderik (earder CEO by NDC) wie de ambysje fan in autonoom noardlik mediabedriuw net helber. De bestjoerders fan FB Oranjewoud hawwe gjin doel oer de krantewrâld, seit hy. Ferline jier is it ferliesdraaiende NDC ferkocht oan it Belgyske Mediahuis. Volkers joech ta dat de stichting te lyts en net profesjoneel genôch wie om NDC yn de takomst te helpen.

Ofrûne jier folge wer in ynvestearring: Groningen Airport Eelde. Men krige de oandielen fan gemeente Grins foar in symboalysk bedrach fan 1 euro, mar it is in opmerklik oernimmen. Want ek it fleanfjild sit yn swier waar. FB Oranjewoud wol ynvestearje yn ynnovaasje, mar fan in soad plannen is noch neat terjochte kaam.

Bouprojekten

Fierder rjochtet de stichting him hieltyd mear op fêstgoedûntwikkeling en bouprojekten. Ien dêrfan is de 'Media Innovatie Campus' yn it NDC-gebou yn Ljouwert, dat noch yn hannen is fan de stichting. Media-opliedingen moatte der in plak krije. In oar projekt spilet op it âlde terrein fan Tichelaar: dêr moat in grut tal soarch- en senioarewenten komme. Ek op it terrein fan bibeldrukkerij Jongbloed wurde wenningbouplannen ûntwikkele.

NDC Mediagroep yn Ljouwert - Foto: ANP

De strategy en driuwfearren efter it ynvestearjen binne net iepenbier. It bestjoer bepaalt efter sletten doarren en bestiet út trije manlju út it bedriuwslibben. Ponghâlder Tjeerd van der Hoek komt by wynhannel Baarsma Wine Group wei en sekretaris Jetze Botma hat in consultancybedriuw en wie earder aktyf foar apparatuerûntwikkelder BD Kieste. De 61-jierrige foarsitter, Jorrit Volkers, is it meast opfallend.

Volkers is al sûnt 2011 foarsitter, dêrfoar wurke er fia akkountantskantoar Deloitte foar Friesland Bank. Hy hie ferskate funksjes, fan fêstigingsdirekteur yn Ljouwert, regiomerklieder Noard oant lid fan de Ried fan Bestjoer. Ut petearen mei minsken dy't mei him gearwurken komt in byld nei foaren fan in man mei in passy foar Fryslân. Mar ek fan in man dy't gjin tsjinspraak talit.

Deloitte profitearre fan NDC Mediagroep

It is by FB Oranjewoud belied dat ien fan de bestjoerders ek in funksje as kommissaris of adviseur hat by de partisipaasjes. Net ûngebrûklik, mar it kin wol problematysk wêze as bestjoerders mei dûbele petten op saken dogge. Dat kaam by de NDC-oername nei foarren. Der kamen sa'n tritich adviseurs fan Deloitte nei NDC ta, wylst Volkers partner wie fan Deloitte. Ferskate boarnen fertelle dat Volkers him mei de bedriuwsfiering bemuoide en dat hy Deloitte-adviseurs binnenhelle. Volkers is it dêr net mei iens, hy seit dat de NDC-direksje sels in berop op Deloitte die.

Neffens de Dagblad van het Noorden-haadredakeur fan doe, Pieter Sijpersma, hat Deloitte sa'n 10 miljoen euro oan NDC fertsjinne mei it trochljochtsjen fan it bedriuw. Op de redaksje ûntstie wantrouwen: de minsken fan Deloitte snapten net in soad fan de krantewrâld. Neffens doetiidsk finansjeel direkteur Henk de Groot waard der drige dat de stekker derút lutsen wurde soe as NDC net meiwurkje woe. In oare partner dy't profitearre wie it advokatekantoar Houthoff Buruma, dat nei de NDC-oername de reorganisaasje ôfwikkele. FB Oranjewoud-bestjoerdslid Eddie Meijer wie fan dit kantoar.

'Landgoed Lauswolt' yn Beetstersweach - Foto: ANP

Dat persoanlike en saaklike belangen trochinoar rinne docht ek yn 2014 bliken as Volkers 20.000 euro subsydzje jout oan de Dutch Hawker Hunter Foundation, in stichting dy't Volkers sels opset hat om in histoaryske strieljager yn de loft te hâlden.

Ferfrisseling fan belangen

Om't de stichting gjin ried fan kommissarissen, tafersjoch of advys hat, is der gjin kontrôle op útjeften en strategy. Neffens de stichting is it net nedich en ek net gebrûklik. As 'de wetjouwer derom freget' sil de stichting it dwaan. It bestjoer fan FBO beneamt himsels en mei himsels ek in fergoeding jaan, mar om't jierferslaggen net yn te sjen binne is dêr gjin útslútsel oer. De wurkwize is net ferbean, mar neffens saakkundigen kinne je der moreel sjoen fraachtekens by sette: transparânsje ûntbrekt en der wurdt gjin ferantwurding ôflein oan de mienskip. FB Oranjewoud liet witte dat der wurke wurdt oan mear iepenheid.

De struktuer is yngewikkeld: sa is Stichting FB Oranjewoud oandielhâlder fan de FB Oranjewoud Holding, dêr't wer de B.V. FB Oranjewoud Participaties ûnder falt mei alle dielnimmingen. De jiersifers fan de holding binne summier en noch mar oant 2018 bekend. Dêrtroch is it ûndúdlik hoefolle ynvestearringen opsmite. It is net bekend hoe't alle partisipaasjes der krekt foar steane, mar guon sitte wol yn swier waar: bygelyks Lauswolt yn Beetstersweach en jachtbouwer Vripack yn Snits.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens FB Oranjewoud is de stichting sûn en hat it gjin skulden. De holding wol, mar dat binne benammen ynterne skulden oan de stichting. Dat guon dielnimmingen ferlies draaie komt neffens de stichting om't sy yn transysje binne, oanrinferliezen meitsje en noch groeie moatte. De stichting seit just de nekke út te stekken en foarsichtich te belizzen.

Grut risiko

Dochs prate belutsenen oer de stichting as in 'old boys network'. Dêrtroch kinne belangen trochinoar rinne. Neffens saakkundigen op it mêd fan governance en ûndernimmingsbestjoer is it opfallend dat FB Oranjewoud sa sletten is. It is in risikofolle kar, want mei in tekoart oan kontrôle en tsjinspraak wurdt de kâns op ferkearde beslissingen grutter. En dan kin it jild fan Fryske sparders samar ferdwûn wêze.

Dit artikel is in gearfetting fan in folle wiidweidiger stik dat hjir te lêzen is. It is skreaun yn gearwurking mei Follow the Money, RTV Noord en RTV Drenthe. Der is praat mei tsientallen belutsenen. Net eltsenien woe on-the-record prate, mar útspraken binne kontrolearre by oaren en harren nammen binne bekend. Ek it bestjoer is om in wjerwurd frege: FB Oranjewoud werkent him net yn it sketste byld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)