Sekswurkers teloarsteld oer ûnderskied kontaktberoppen: "Pure vorm van discriminatie"

25 feb 2021 - 22:00

Alle kontaktberoppen meie tiisdei wer los, útsein de sekswurkers. Dêr't se by de earste lockdown noch gewoan ûnder de kontaktberoppen foelen, is der no in ûnderskied makke troch it kabinet. De sekswurkers binne it der net mei iens, en komme dêrom tiisdei yn aksje yn Den Haag. "Het is een pure vorm van discriminatie", seit Danny Sesseler, eksploitant fan prostitúsjekeamers op de Weaze yn Ljouwert.

In keamer op de Weaze by eksploitant Danny Sesseler - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens Sesseler is it ûnderskied net earlik. "De reguliere massages kunnen gewoon. Pedicure, manicure en kappers dat kan allemaal wel. Die worden geacht nu netjes aan een protocol te werken, maar sekswerkers worden in een hoekje gedrukt. Daar wordt van gezegd: 'dat is iets aparts, die zouden dat niet kunnen'."

Sekswurkers witte hiel goed hoe't se feilich wurkje moatte en ha dat ek bewiisd yn de perioade nei de earste lockdown, seit Sesseler. "Er zijn toen hele protocollen opgezet door een landelijke organisatie in de prostitutie. Daar werd ook heel positief op gereageerd en toen mochten wij ook heel snel open. Er is voor zover mij bekend ook geen enkele besmetting geweest die ontstaan is in een bordeel in Nederland."

Swier teloarsteld

De froulju dy't by Sesseler wurkje binne swier teloarsteld, seit er. "Financieel zijn ze nu semi-afhankelijk van mij en godzijdank heeft de gemeente Leeuwarden ook aangegeven de dames tegemoet te komen. Dus op dat vlak zou het goed moeten komen. Maar ze zijn er alles behalve blij mee."

Sesseler wit noch net oft er ek nei de protesten yn Den Haag sil. "Ik weet niet of het wat toevoegt. Mijn bedrijf is voor zover ik het kon doen na de eerste lockdown volledig coronaproof gemaakt. Alle dames zijn geïnstrueerd wat wel en niet kan en waar ze rekening mee moeten houden. De klanten kunnen zich ook aanmelden, net zoals bij een kapper. Wij kunnen alle kanten op, alleen daar wordt niet naar gekeken."

Danny Sesseler, eksploitant fan keamers op de Weaze yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)