Ferdieldheid oer autofrij meitsjen natuergebiet Fochtelerfean

25 feb 2021 - 21:14

Moat it natuergebiet Fochtelerfean folslein autofrij wurde of net? Dat is de fraach dy't libbet yn de doarpen om it natuergebiet hinne. Natuurmonumenten wol de dyk ôfslute om de bisten te beskermjen, mar de mieningen fan de ynwenners binne ferdield.

Foto: H. Feenstra

It natuergebiet op de grins fan Fryslân en Drinte is in plak dêr't in soad minsken efkes te kuierjen of te fytsen gean. Mar ek yn 'e auto troch it gebiet ride is populêr. De dyk rint dwers troch it gebiet hinne en is de iennige dyk dêr't de auto's oerhinne kinne.

Alle jierren fynt Natuurmonumenten in soad deade bisten op 'e dyk. Dat moat oars en dêrom moat de dyk autofrij wurde, seit boskwachter Sietske Westerhof fan de natuerorganisaasje. "Wy ha soarchplicht en dat betsjut dat wy safolle mooglik dogge om elk bistje te beskermjen. Dan is it natuerlik al gau in winsk fan ús om gjin motorisearre ferkear troch sa'n prachtich natuergebiet gean te litten."

Sietske Westerhof, boskwachter Natuurmonumenten

Ien fan dizze dagen begjint de amfibyetrek. Kikkerts, salamanders en oare bisten lûke dan fan de iene kant fan de dyk nei de oare kant. As de trek begjint wurd de autodyk foar in pear dagen ôfsletten, sadat de bistjes feilich oerstekke kinne. Dêrnei giet de dyk wer iepen.

Guon minsken sjogge graach dat it gebiet tagonklik bliuwt foar auto's, sa seit Eric van Beek van Pleatslik Belang Ravenswâld. Dat doarp leit neist it natuergebiet. Pleatslik Belang hat in enkête hâlden ûnder de ynwenners, en dêrút docht bliken dat de mieningen bot ferdield binne. "Een klein gedeelte heeft belang bij de weg, omdat ze hem voor woon-werkverkeer gebruiken. Een iets groter gedeelte lijkt het een goed idee om de weg in bepaalde periodes af te sluiten. Maar om de weg structureel autovrij te maken, daar zijn best wel wat bezwaren tegen."

Eric van Beek - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Eric van Beek, Pleatslik Belang Ravenswâld

Neist de dyk hielendal autofrij meitsje, wol Natuurmonumenten ek graach de dyk ôfslute foar fytsers en kuierders yn de perioade fan de amfibyetrek. Dêr is Pleatslik Belang Ravenswâld hielendal net bliid mei. "Dat vindt niemand goed. Uit de enquête blijkt dat 100% vindt dat de weg het hele jaar voor fietsers en wandelaars open moet blijven."

Natuurmonumenten sil mei de gemeente en de omwenners sykje nei in oplossing dêr't elkenien bliid mei is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)