Noppert begjint nije dartseizoen mei útskeakeling yn twadde ronde yn Bolton

25 feb 2021 - 19:15

Danny Noppert is it nije dartseizoen fan de PDC begûn mei in útskeakeling yn de twadde ronde yn Bolton. Yn it earste Players Championship fan it jier ferlear de Jouster yn syn twadde partij mei 6-4 fan Chris Dobey út Ingelân.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Yn de earste wedstriid fan it toernoai wûn Noppert mei deselde sifers fan Krzysztof Kciuk út Poalen. Tsjin Dobey bleau de Jouster darter goed by, mar de Ingelskman makke mei twa legs yn fyftjin en yn alve darts kreas dien wurk.

Nije dartseizoen

It nije dartseizoen fan de PDC is nettsjinsteande alle coronamaatregels gewoan úteinset. Offisjeel begûn it seizoen mei The Masters, it telefyzjetoernoai dat ein jannewaris al hâlden waard. Doe foel Noppert krekt bûten de boat, omdat allinne de bêste 24 darters fan de wrâld pleatst wiene. Noppert stiet op dit stuit op it 25ste plak op 'e wrâldranglist.

Foar de Players Championships (de fliertoernoaien) wurde alle dielnimmers test troch de organisaasje. Dizze earste rige fan Players Championships bestiet út fjouwer toernoaien. It earstfolgjende telefyzjetoernoai is de UK Open yn maart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)