Doarpsbelang Easterbierrum lilk op Waadhoeke om húsfêsting tydlike wurkers

25 feb 2021 - 19:07

Doarpsbelang Easterbierrum driget út it arbeidsmigrante-oerlis fan de gemeente Waadhoeke te stappen. Ofspraken dy't yn dat oerlis makke binne tusken wurkjouwers, húseigeners, de gemeente en ûnder oare ek doarpsbelangen soene skeind wurde. It giet yn Easterbierrum om de ôfspraak yn hoefolle wenten arbeidsmigranten ûnderbrocht wurde meie.

Doarpsbelang Easterbierrum lilk

Yn it doarp binne offisjeel trije huzen dêr't arbeidsmigranten wenje meie. Dat is de saneamde ienpersintsregeling. Dy hâldt yn dat 1 persint fan de wenten brûkt wurde mei foar dit soarte fan húsfêsting. Mar yn Easterbierrum binne it der al folle mear. No giet it om in hûs yn de Bauke Poelstrastrjitte dêr't al skoften seizoenswurkers ûnderbrocht wurde.

De gemeente hat omwenners no frege om advys. Dêroer is doarpsbelang poer. Foarsitter Rintje Visser: "We ha dêr yn it ferline goede ôfspraken oer makke. Mar sûnder ús op 'e hichte te stellen, wurdt de omwenners al frege wat se der fan fine."

Neat tsjin op arbeidsmigranten

Visser seit mei klam dat doarpsbelang neat tsjin hat op de arbeidsmigranten. "Nee, perfoarst net. Mar it giet ús om de leefberens fan it doarp. Sitte dêr minsken yn dy't nei trije moanne wer fuort binne dan hast der as doarp neat oan. Se sykje it kontakt net en jou se ris ûngelyk." Boppedat, sa seit Visser, sit in soad jeugd út it doarp krekt ferlegen om wenromte. "Dan komt der allinnich in húskemelker mei in djippe bûse en foar't ien út it doarp jild op it kleed hat, sit hy al by de notaris."

Foto: Omrop Fryslân

Om't it der op liket dat de gemeente Waadhoeke de ôfspraken net neikomt, driget doarpsbelang út it oerlis te stappen. Neffens Visser wurdt der yn omlizzende doarpen krekt sa oer tocht. Want by dy iene wente oan de Bauke Poelstrastrjitte bliuwt it net. Yn it doarp sels is der noch ien wente dêr't offisjeel noch gjin fergunning foar oanfrege is, mar dêr't al arbeidsmigranten wenje.

Waadhoeke: wetlik regele

Koördinator arbeidsmigranten Harrie Siegersma fan de gemeente Waadhoeke seit yn in reaksje dat se wol meiwurkje moatte oan de fergunningsoanfraach. Dat is sa wetlik regele. Al stiet de ôfspraak sa't dy makke is, de ienpersintsregeling, noch hieltyd oerein. Om't der no in proseduere rint oer de oanfraach kin de gemeente Waadhoeke net fierder yngean op de saak.

Rintje Visser fan doarpsbelang Easterbierrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)