Sigrid Kaag (D66) yn It Polytburo: heger ûnderwiis moat ek iepen kinne

25 feb 2021 - 18:36

Njonken middelbere en mbû-skoallen hie ek it heger ûnderwiis iepen kinnen by de ferrommingen dy't it kabinet ôfrûne tiisdei ôfkundige hat. Dat seit listlûker Sigrid Kaag fan D66 yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Se fynt it spitich dat dat net bard is.

Sigrid Kaag oer ûnder oare de coronaferrommingen, de Lelyline en Holwert oan See:

Kaag har partijgenoat Ingrid van Engelshoven is minister fan Underwiis en hat proeven klearlizzen om te eksperimintearjen mei it jaan fan lessen op hbû-skoallen en it wittenskiplik ûnderwiis. Dat kin ûnder mear mei sneltesten op corona en lesjaan yn sporthallen of oare grutte lokaasjes.

Yn It Polytburo prate Kaag ek oer har bân mei Fryslân. Har mem hie har earste baan as learares yn Harns en dêrtroch hat Kaag yn har jeugd ek geregeld yn de Fryske havenstêd west. "Ze sprak met veel emotie en prettige herinneringen over de Friezen en de manier van omgaan met elkaar. Als meisje uit Arnhem, net na de Tweede Wereldoorlog, kreeg ze hier een plek."

De kommende wiken sjocht It Polytburo foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Sigrid Kaag wie nei Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) de fjirde gast yn dizze rige.

D66, dat de ôfrûne fjouwer jier mei VVD, CDA en ChristenUnie in koälysje foarme, hat it yn it ferkiezingsprogramma oer in nij begjin. De partij is wiis mei wat it de ôfrûne jierren dien hat, benammen foar it ûnderwiis, it klimaat en de pensjoenen. Mar Kaag skriuwt yn it foarwurd fan it ferkiezingsprogramma (mei de measte pagina's fan alle grutte partijen) ek dat de kommende jierren net maklik wurde. Watfoar oplossingen hat de partij dêrfoar? En wat betsjut dat foar de problemen dy't yn Fryslân spylje?

Wenjen en foarsjenningen

In probleem yn parten fan Fryslân is in tekoart oan hûzen dy't foar de measte minsken te beteljen binne. Yn oare regio's is leechstân just in probleem. D66 wol foar 2030 mear as in miljoen hûzen bouwe yn hiel Nederlân. Dy hûzen moatte net allinnich yn grutte stêden komme, mar ek op oare plakken. Dat mei lykwols gjin skea oan de natuer feroarsaakje, as it oan D66 leit.

En om foar te kommen dat minsken weilûke út guon regio's - wat ûnder oare bart yn parten fan Fryslân - wol D66 ekstra jild stekke yn it behâld fan basisfoarsjenningen. Dan giet it om ûnder oare de húsdokter, thússoarch en de basisskoalle. De partij wol ek dat der yn alle gemeenten teminsten ien goede biblioteek stiet. De lanlike oerheid moat de gemeente dêrby finansjeel helpe, as dat nedich is.

Berikberheid en ferfier

Alle plakken moatte goed berikber bliuwe en wêze. As nije wiken boud wurde, wol D66 dat der ek direkt in goede oansluting mei it iepenbier ferfier komt. Yn lanlike gebieten moat it ferfier foar âlderein en foar minsken mei in beheining better.

Foar hiel Nederlân wol de partij dat der faker treinen en bussen ride. Oerstappe moat makliker wurde en alle regio's moatte goed oansletten wurde. D66 wol ek mear jild stekke yn regionaal iepenbier ferfier. Om de reistiid tusken it Noarden en de Rânestêd mei de trein minder lang te meitsjen, wol D66 dat de Lelyline oanlein wurdt. Krekt as hast alle oare partijen trouwens. Fierders moatte der wat de partij oanbelanget ek faker nachts treinen ride. Dat gebeurt no wol op guon plakken, mar noch net yn en nei it Noarden. D66 wol dêr wol nei sjen.

Wat D66 oanbelanget kin it fleanfjild yn Lelystêd iepen, mar allinnich as dêrtroch de útstjit en miljeufersmoarging net tanimt. Boppedat meie der gjin leechfleanrûten wêze. De aksjegroep Laagvliegroutes NEE is al jierren dwaande om dy rûten foar te kommen, want dy soenen ûnder oare yn Fryslân foar oerlêst soargje.

Lânbou

Omdat de lânbousektor ferantwurdlik is foar in grut diel fan de stikstofútstjit op natuergebieten, wol D66 boeren útkeapje dy't flakby Natura 2000-gebieten sitte. In part fan dy grûn moat werom nei de natuer, fynt de partij. In oar part wurdt brûkt foar natuerynklusive lânbou.

D66 wol dat de feesteapel troch de helte giet. "Dat is een van de belangrijkste manieren om de stikstofcrisis op te lossen, natuur te herstellen en om weer te kunnen bouwen", seit Kaag. Boeren dy't noch net sirkulêr wurkje, moatte wol holpen wurde. "We willen ze financieel en met technische assistentie ondersteunen."

En boeren moatte der wat oan fertsjinje kinne. Allinnich de Amerikaanske lânbou-eksport is grutter as de Nederlânske, seit Kaag. "Maar de boer profiteert daar niet van. Melkbedrijven betalen niet een eerlijke prijs en het vlees wordt te goedkoop verkocht. We willen een eerlijkere prijs voor de boer bewerkstelligen."

Natuer, romte en mynbou

In protte natuergebieten lizze no net byelkoar. It binne faak lytse, isolearre gebieten. Dat is net goed foar de bisten en planten, omdat se net mear byelkoar komme kinne. D66 wol dêrom dat dy gebieten grutter wurde en better oan elkoar ferbûn wurde. Yn totaal wol de partij yn 2040 in tredde mear natuer ha yn Nederlân as no.

In probleem dat ek yn Fryslân spilet, is de boaiemdelgong. De boaiem sakket trochdat it grûnwetterpeil leech holden wurdt foar de yntinsive lânbou. Yn feangebieten, yn ús provinsje It Lege Midden, fersakje hûzen bygelyks. D66 wol dat tsjingean troch it grûnwetterpeil te ferheegjen.

De partij wol fierder dat minsken dy't yn de buert fan in wynmûne wenje, meiprofitearje fan de winst. D66 is ek foar grutte wynmûneparken en sinnepanielen troch it hiele lân en op it wetter. Mar dan is it wol wichtich dat se de befolking meikrije, seit Kaag. "Het gaat om een eerlijke verdeling. En je moet er baat bij hebben. Je moet niet de natuur verpesten en bijvoorbeeld de toeristen wegjagen", seit se. "Met zonnepanelen wil ik meer inzetten op daken."

Nije boarringen meie wat D66 allinnich as dat net foar skea soarget oan de natuer of bewenners. Lytse gasfjilden, dêr't yn Fryslân in soad fan binne, meie wol brûkt wurde foar mynbou. Mar omwenners moatte dan wol dúdlik bypraat wurde en der moatte goede ôfspraken komme oer eventuele skeafergoeding.

Soarchtaken en finânsjes gemeenten

In protte soarchtaken lizze sûnt in pear jier by de gemeente. Dat is neffens D66 ek it bêste plak, mar dan moat it Ryk der wol foar soargje dat de gemeenten genôch budzjet ha. De partij wol ek dat gemeenten mear romte krije om sels belesting te heffen. Dan wurde se ek minder ôfhinklik fan it Ryk. As de gemeenten mear belesting heffe, ferleget it Ryk de ynkomstebelesting. Mochten gemeenten net genôch jild ha foar it sosjaal domein, dan moatte it Ryk en de provinsje sjen nei help.

Regionale sikehûzen moatte derfoar soargje dat de basissoarch yn de buert tagonklik bliuwt. Dy sikehûzen moatte gearwurkje mei spesjalisearre sikehûzen en universitêre medyske sintra. As in sikehûs efterbliuwt op it mêd fan kwaliteit, finânsjes of belied, kin it betsjutte dat in sikehûs ticht moat.

Fryske kandidaten

Op it stuit hat D66 gjin Fryske Keamerleden, mar op de kandidatelist steane wol trije. Romke de Jong fan De Gordyk stiet op plak 24. Hy is foarsitter fan de D66-fraksje yn Provinsjale Steaten. Op plak 40 stiet Ojanne de Vries fan It Hearrenfean, sy is fraksjefoarsitter yn de gemeente Hearrenfean. En Marieke Vellinga fan Boazum stiet op plak 45. Op it stuit is se fraksjefoarsitter yn Súdwest-Fryslân.

D66 hat no tusken de 13 en 15 sitten yn de gemiddelde peilingen. De kâns dat in Fryske kandidaat streekrjocht keazen wurdt, is dêrom net hiel grut.

(Advertinsje)
(Advertinsje)