Fiif Friezen komme yn aksje op wrâldkampioenskip shorttrack

Fiif Friezen komme oare wike út op it wrâldkampioenskip shorttrack yn Dordrecht. Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Rianne de Vries en Daan Breeuwsma sille besykje in medalje te pakken.
© Orange Pictures
Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat sille it yndividuele toernoai ride en dogge mei by de relay. Daan Breeuwsma, dy't by it EK net by de seleksje siet, en Rianne de Vries sitte ek by de relayseleksje.
De oare Nederlânske startplakken gean nei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Dylan Hoogerwerf. Yara van Kerkhof en Jens van 't Wout folle de relayploech oan.
It wrâldkampioenskip shorttrack set op freed 5 maart útein mei de kwalifikaasjes. Op sneon 6 en snein 7 maart wurdt it haadtoernoai ferriden.