Frou Pietersma (83) nimt in 'prikrit': "As ik sels ride moatten hie, hie ik wol spand west"

In faksinaasje helje is foar de ien makliker as foar de oar. Om minder mobile minsken yn 'e mjitte te kommen hawwe ferskate Fryske gemeenten no saneamde 'prikritten' fan it ANWB Automaatje opset. De 83-jierrige Antje Pietersma út Frjentsjer makket gebrûk fan sa'n ritsje en wurdt troch sjauffeur Tjeerd Seinen nei it faksinaasjesintrum yn Ljouwert brocht. Foar beide is it harren earste prikrit.
Frou Pietersma (83) nimt in 'prikrit'
Antje Pietersma hat in auto en kin wol ride. Dochs hat se foar in prikrit keazen: "As ik sels ride moatten hie, hie ik spand west", seit se. Se seach der tsjinop om in parkearplak te finen en te sykjen nei de yngong op in ûnbekend terrein. Har sjauffeur is Tjeerd Seinen, ek fan Frjentsjer. Hy seach de oprop foar sjauffeurs yn de krante en tocht: "Ik bin frij man, dat ik kin dit wol even dwaan."
Seinen sit ek yn de risikogroep. Dêr is er him bewust fan. "Ik hie it der fan 'e moarn oer mei myn frou, dat it wol wat gefaarlik wêze kin. Dan wurde jo mei de noas op de feiten drukt, dat jo foarsichtich wêze moatte." Mar op dizze wize oare minsken helpe is foar Seinen it wichtichste.
© Omrop Fryslân
De rit nei Ljouwert gong neffens frou Pietersma "need", mar dat is in grapke. It gong krekt hiel bêst. Se hat in noflike reis hân en mei Seinen praat oer it waar en sa. Nerveus foar de prik wie Pietersma net. Alles is goed gongen mei har faksinaasje en sjauffeur Tjeerd Seinen hat har wer feilich thúsbrocht.
De gemeente Waadhoeke hat tasein om de prikritten achterôf te fergoedzjen.