Tennisser Sander Arends net nei heale finale yn Montpellier

25 feb 2021 - 17:25

Tennisser Sander Arends is tongersdeitemiddei yn de kwartfinale fan it ATP-toernoai fan Montpellier útskeakele. Roman Jebavy en Jiri Vesely wiene mei 6-4 en 7-5 te sterk foar de Ljouwerter en syn Italiaanske dûbeldmaat Andrea Vavassori.

Foto: Orange Pictures

Yn 'e earste ronde hiene Arends en Vavassori earder dizze wike noch mei 6-4 6-4 wûn fan Dusan Lajovic en Marc López. Dat wie in moaie opstekker yn in oant no ta teloarstellend begjin fan 2021 foar de Ljouwerter dûbeldspesjalist.

Sa begûn hy dit jier mei in doelleaze reis nei Istanbul. Nei in positive coronatest fan syn dûbeldmaat moast Arends wer werom sûnder yn aksje te kommen yn Turkije. Earder seach er in plak op de Australian Open al op it lêste momint oan syn noas foarby gean.

De Ljouwerter spile yn de ôfrûne moanne fjouwer saneamde challengers, de toernoaien op it twadde nivo. Hy kaam dêryn mar yn ien partij ta winst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)