Soad krityk op ôfwizing Minority Safe Pack troch Europeeske Kommisje

25 feb 2021 - 17:23

Europarlemintariërs binne min te sprekken oer de ôfwizing fan in boargerinisjatyf ta beskerming fan minderheidstalen lykas it Frysk. Dat die tongersdei bliken op in debat mei de Europeeske Kommisje oer de saak. It Europeesk Parlemint hat it inisjatyf oannaam, mar de Europeeske Kommisje karde it ôf. De ynsprekkers fiele harren oan de kant set.

Minority Safe Pack - Foto: FUEN

It boargerinisjatyf ('Minority Safe Pack Initiative') waard ûndertekene troch mear as in miljoen Europeanen. It waard ynearsten ôfwiisd troch it Europeesk Parlemint. Mar letter, nei in gong nei it Europeesk Hôf, waard it dochs oannaam. De folgjende stap soe dan wêze de goedkarring troch de Europeeske Kommisje en dan soe de beskerming fan minderheidstalen juridysk fêstlein wurde op Europeesk nivo. En dêr heakket it no.

"Dit kin ynhâldlik en prosedureel net"

De Europeeske Kommisje seit neat te dwaan mei it boargerinisjatyf omdat se fine dat Europa al genôch docht foar minderheidstalen. Sa'n fyftjin oant tweintich ynsprekkers yn it debat fûnen dat it sa echt net kin. It kin ynhâldlik net, want der moat dochs echt mear oan de beskerming fan minderheidstalen dien wurde. De list dy't de Kommisje der ta har ferdigening by fermeldt, is net genôch. Fierders kin it prosedureel ek net. In boargerinisjatyf is ûnderdiel fan it demokratysk proses. Dat kinne jo net samar oan de kant skowe. En sa fiele de kritykhawwers harren ek: oan de kant set troch de Europeeske Kommisje.

De Europarlemintariërs dy't tongersdei harren krityk uteren, komme út ferskate lannen: Spanje, België, Letlân, Estlân, Poalen, Eastenryk, Hongarije en Roemenië. Der wiene gjin ynsprekkers út Fryslân of Nederlân by, seit Frank de Boer dy't him foar Fryslân dwaande hâldt mei it Minority Safe Pack. Hy hat it debat tongersdei online folge.

Politike druk opfiere

Wat no noch mooglik is, is de politike druk op de Europeeske Kommisje fierder opfiere. De Fryske Steaten hawwe al eardere unanym in moasje fan treurnis oannaam. Yn oare Europeeske gebieten mei minderheidstalen binne se ek dwaande, bygelyks yn it Dútske Sleeswyk-Holstein en yn Súd-Tirol yn Italië. De Europeeeske Kommisje soe teoretysk de saak opnij yn oerwaging nimme kinne, mar dêr is no alhiel noch gjin sprake fan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)