Almere krijt stadion net fol by proefwedstriid tsjin koprinner Cambuur

25 feb 2021 - 16:38

Almere City FC ûntfangt snein 1351 taskôgers yn it stadion foar it topduel tsjin SC Cambuur yn de earste difyzje. De fans meie derby wêze, sadat ûndersocht wurde kin hoe't eveneminten op in feilige manier iepen kinne foar publyk.

Foto: Orange Pictures

It is de twadde fuotbalwedstriid dêr't dit jier taskôgers komme. De earste wie it ôfrûne wykein NEC - De Graafschap. Dêr wiene in lytse 1200 minsken by.

De maksimale kapasiteit fan 1500 waard yn Almere ek net hielendal helle. "Maar het is fantastisch dat er al ruim 1300 fans wel komen", seit in wurdfierder fan Almere City. "De mensen beseffen dat er in Nederland nog steeds zware maatregelen zijn tegen de verspreiding van het virus en zijn misschien nog voorzichtig. En ze moeten veel doen om binnen gelaten te worden. Daarom vinden wij dit aantal een heel positief signaal."

Neffens Almere City is it meinaam dat it om in wedstriid tusken de koprinner (Cambuur) en de nûmer trije giet. "Het is een heel mooi affiche op een heel mooi tijdstip."

Omroep Flevoland wie by Almere City om foarút te sjen op de wedstriid

(Advertinsje)
(Advertinsje)