Hearrenfean-trainer Johnny Jansen treft yn Leeroy Echteld âlde bekende

De rêst yn it Abe Lenstra Stadion is yn skril kontrast mei de rebûlje by PEC Zwolle, de tsjinstanner fan kommende freed. Dizze wike waard trainer John Stegeman de laan útstjoerd. It 3-2 ferlies tsjin hikkesluter FC Emmen wie de saneamde drip. Dochs is it opmerklik, want mei in 13e plak op 'e ranglist binne der sa goed as gjin degradaasjesoargen foar Zwolle.
Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin PEC Zwolle
Fjouwer dagen nei it ûntslach hat Zwolle bekend makke dat Art Langeler de nije trainer wurdt. Langeler wurket op dit stuit noch by it fuotbalbûn KNVB en sil pas op 1 april oan de slach by PEC. Dat betsjut dat assistint-trainer Leeroy Echteld oant dy tiid de technyske lieding hat en Echteld is wer in âlde bekende fan Johnny Jansen.
Jansen: "Wij hebben bij Heerenveen vroeger met elkaar getraind en gespeeld. En later toen we in het trainersvak zijn gerold hebben we altijd een beetje contact gehouden. Leeroy heeft hier zelfs nog stage gelopen."
Hearrenfean hat in analyze makke fan Zwolle doe't Stegeman noch trainer wie. No't hy fuort is, hâldt Jansen der rekken mei dat PEC oars fuotbalje sil. "Ik weet natuurlijk niet hoe Leeroy het precies gaat doen, maar er zijn verschillende opties en die hebben we met elkaar besproken."
Als er ook maar een beetje twijfel is, dan doen we het niet."
Johnny Jansen oer it meispyljen fan Lasse Schöne tsjin PEC
Fiif dagen nei de wedstriid tsjin Zwolle wachtet de heale finale fan it lanlike bekertoernoai. Dêryn spilet Hearrenfean thús tsjin Ajax. Jansen: "De wedstijd tegen Ajax zingt hier natuurlijk al wel rond, maar ik merk aan alles dat de focus nu eerst op Zwolle ligt. Die klus moet als eerste gedaan worden."
Jansen hat twa fraachtekens binnen de seleksje. Ien is Lasse Schöne. De Deenske middenfjilder waard yn de noardlike twastriid tsjin FC Grins nei 45 minuten út foarsoarch nei de kant helle. Schöne hat ljiskklachten, mar hopet der tsjin Zwolle wer by te wêzen. Mei de heale finale yn 'e efterholle sil Jansen gjin inkeld risiko nimme mei syn middenfjilder.
"We willen morgen gewoon winnen en dus stellen we het best mogelijke team op dat beschikbaar is. En als dat met Lasse is, dan is dat met Lasse. En dan gaan we van daaruit bekijken hoe lang hij het vol kan houden. Maar als er ook maar een beetje twijfel is, dan doen we het niet", seit Jansen.
Johnny Jansen
De wedstriid PEC Zwolle - SC Hearrenfean begjint om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.