Tal coronabesmettingen wer omheech, mar gjin stjergefallen of sikehûsopnamen

25 feb 2021 - 15:24

It RIVM meldt tongersdei 194 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 38 mear as woansdei, doe wienen it 156. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed 193 besmettingen deis registrearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (32), Hearrenfean en Súdwest-Fryslân (beide 24).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren ek gjin Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.048 nije coronagefallen meld. Dat is flink mear as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, dat leit op 4.488.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)