Noardlike Fryske Wâlden wreidet healwiete gebieten foar fûgels út

25 feb 2021 - 15:19

Agraryske natuerferiening De Noardlike Fryske Wâlden hat tongersdeitemoarn yn Driezum bekend makke dat sy de plasdrasgebieten yn de regio útwreidzje. Der komme tolve by. Dêrfoar binne fjirtjin ekstra pompen nedich.

Noardlike Fryske Wrâlden wreidet healwiete gebieten út

De wiete gebieten binne populêr by greidefûgels. Al is it tal piken dat dêr grut wurdt oer it algemien noch net sa't it wêze moat, sa die ein ferline jier bliken út ûndersyk yn ûnder oare de Provinsje Fryslân. Dêr wurdt besocht wat oan te dwaan troch plasdrasterreinen goed te kombinearjen mei ferskate stikken greide dêr't piken harren better rêde kinne.

Foarsitter Albert van der Ploeg fan De Noardlike Fryske Wâlden: "It giet om de kombinaasje. Net allinnich plas en drassen, mar der moatte ek pykjefjilden omhinne sitte, rêstgebieten. En der moatte rêstgebieten omhinne sitte. Dat hawwe wy hjir by Driezum. Leo Broersma is al jierren dwaande mei in plasdrasgebiet deun foar syn hûs. Ferline jier hawwe dêr 26 spantsjes ljippen bret en 16 spantsjes skriezen. Mar ek it seldsume waarlampke siet der mei twa spantsjes."

Jûnsklok sit dwers

It tal plasdrasgebieten fan De Noardlike Fryske Wâlden is no oprûn nei 30 oant 40 stiks. It liket suver handiger om it wetterpeil winterdeis en yn de maitiid mar hielendal in stik heger te setten. Dat is neffens Van der Ploeg lykwols gjin opsje.

Van der Ploeg sit noch wol wat mei de bestriding fan de foks mei de ljochtbak. Troch de jûnsklok giet dat no net troch. Oant en mei Den Haag wurdt alle war dien om dêr dochs in ûntheffing foar te krijen.

In plasdrasgebiet by Driezum - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)