Boete fan 150.000 euro foar De Vries Makkum om sloop asbestskip Freddy Heineken

De rjochter hat in boete oplein fan 150.000 euro oan skipsbouwer De Vries út Makkum, omdat dy in skip ferkocht hat dat fol mei asbest siet, sûnder dat te sizzen. Minsken soene dêrtroch yn libbensgefaar kaam wêze.
In byld út it jacht dêr't it om giet © ANP
Justysje easke fjouwer wiken lyn in boete fan 150.000 euro tsjin de skipsbouwer. Neffens RTV Noord giet it om it jacht fan biermagnaat Freddy Heineken. It soe yn de jierren '80 in protte besocht wêze troch keninginne Beatrix. Doe't Heineken yn 2002 ferstoar, sette de famylje it skip te keap.
De Vries kocht it. Net foar in lyts miljoen, dat de fraachpriis wie, mar foar in euro. It skip soe opknapt wurde troch technisy yn oplieding, mar doe't it ienkear yn Fryslân wie, bliek it fol asbest te sitten. It moast sloopt wurde.
Foardat it yn 2017 nei de sloperij yn Grins gong, soe in wurknimmer de spesjale asbeststickers derôf helle ha. De sloperij soe hielendal gjin asbest fuorthelje meie. Justysje hat beide bedriuwen ferfolge.
It bedriuw út Grins hat in boete krigen fan 10.000 euro.