Kanadeeske feteraan dy't meiholp mei Fryske befrijing stoarn

25 feb 2021 - 14:31

De Kanadeeske feteraan Paul Wile, dy't yn 1945 meiholp mei de befrijing fan Fryslân, is stoarn. Dat hat syn famylje bekend makke.

Kanadeeske feteraan stoarn

Doe't Nederlân befrijd wie, siet Wile yn Delfzijl. Hy hie meiholpen mei de befrijing dêr. Earder wie er al belutsen by de befrijing fan Snits. Nei de oarloch kaam Wile yn Boalsert telâne, yn it hûs fan de famylje Sluijter. Hy waard yn hûs naam mei in oare Kanadeeske soldaat. Dêr wachten se oant se werom koenen nei Kanada. "De minsken wienen sa freonlik en goed foar ús", sei Wile letter. "De freonskip is der altyd bleaun."

Paul Wile wie trije jier lyn mei syn frou noch yn Fryslân by de betinking fan de oarloch. Doe hat er syn 'buddy' Martin Sluijter ek wer moete.

Paul Wile is yn de nacht fan woansdei op tongersdei stoarn. Hy is 97 jier wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)