Bakkerij Borgesius ferpleatst produksje út Ljouwert nei besmettingen

By bakkerij Borgesius yn Ljouwert binne ferskate coronagefallen fêststeld. It bedriuw hat dêrom de produksje yn Ljouwert stillein en ferpleatst. Ut foarsoarch lit it bedriuw in grut part fan de meiwurkers teste.
De bakkerij fan Borgesius oan de Lorentzkade yn Ljouwert © Google Street View
De bakkerij hat de produksje fan de lokaasje oan de Lorentzkade yn Ljouwert diels oerbrocht nei oare bakkerijen. Neffens finansjeel direkteur Joost Rekker fernimme de klanten der neat fan. Hy ferwachtet dat se yn Ljouwert fan takom wike ôf wer oan de slach kinne.
Gewoanwei wurkje se by Borgesius yn ploegen fan seis meiwurkers, dy't yn saneamde bubbels sitte. Dy hâlde ek ôfstân fan elkoar, ha mûlkapkes op en litte de temperatuer mjitte foar't se begjinne. Mar de earste bekende besmetting wie by ien fan de technyske tsjinst, dy sit net yn ien fan dy ploegen.
Ofrûne wike sieten se by Borgesius op tsien besmettingen. Dêrnei binne hast alle oare meiwurkers ek test. It tal besmettingen is dêrnei heger wurden. Hoefolle't der no krekt binne, is net bekend. Der komme ek noch guon testútslaggen binnen.