Winkels meitsje harren klear foar 'iepen-op-ôfspraak': "In sprong yn it djippe"

25 feb 2021 - 13:49

Winkeleigeners binne drok dwaande om alles op oarder te bringen foar de nije beheinde weriepening. Klanten moatte dan in ôfspraak meitsje en der meie mar in pear klanten tagelyk wêze. Der binne noch wol fraachtekens oer de krekte ynfolling. By de winkels sels, mar ek by de klant. Binne se bygelyks ferplichte wat te keapjen. Of mei gewoan wat frijbliuwend sneupe yn de winkel ek?

Winkeliers meitsje harren klear foar nije beheinde iepening

Bedriuwslieder Hans Holwerda fan kleansaak Van der Kam op It Hearrenfean is wol bliid mei de nije stap. Sa is der wer mear kontakt mei de klant mooglik. "Wy hawwe yntekenlisten. Dêr kinne minsken harren oer de telefoan of e-mail foar oanmelde. We moatte sels ûnderfine wat dat betsjut. It is letterlik in sprong yn it djippe. Mar nei de foarige lockdown hawwe we sjen litten dat wy de grinzen reedlik bewake kinne."

Klanten sûnder ôfspraak

Elk healoere binne twa klanten wolkom yn syn winkel. Dy moatte fjouwer oeren yn it foar reservearre hawwe. As in klant spontaan foar de doar stiet en der binne gjin oare klanten op dat stuit, dan sille se der by Van der Kam alles oan dwaan om dy klant dochs te helpen. "As it kin, dogge wy de doar graach iepen."

Femke Zijlstra fan wen- en kadowinkel Happiness by Femke is ek bliid dat se wer in pear klanten ûntfange kin. Mar immen dy't ûnferwachts komt, wiist se wol de doar yn de hoop dat dy klant dan in ôfspraak makket. "We kunnen dat risico niet nemen", seit se.

Sneupers

De winkel fan Femke is eins net geskikt foar ôfspraken. It is in echte sneupwinkels dêr't minsken sa even binnen rinne en yn in ympuls wat keapje. Dy minsken komme no net.

De sneupers foarmje mar in lytse groep by Van der Kam. Mar dochs is Holwerda dêr ek bliid mei. "Hoechst net perfoarst wat te keapjen. Sneupe kin ek. As de klant it nei 't sin hat, komt de oankeap fansels." En in spikerbroek keapje yn tsien minuten? "Dat kin, want ús trochsneedklant is rap. We kenne se en witte de maat. Dan kin 10 minuten sels lang wêze."

Wer iepen

Hoewol't beide winkels optein binne oer de romte dy't se der takom wike by krije, is der mar ien ding wat se echt wolle: wer hielendal iepen. Sawol Holwerda as Zijlstra binne der fan oertsjûge dat dat kin. Se binne der wis fan dat se sels de maatregels nimme kinne dy't nedich binne om feilich te winkeljen. Holwerda tinkt dat we stadich nei it normaal fan foar corona werom moatte. Neffens him kinne de winkels dat oan.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by in kleanwinkel op It Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)