Automobiliste yn sikehûs nei ûngelok by Tsienzerbuorren

25 feb 2021 - 10:48

By in ferkearsûngelok yn Tsienzerbuorren, flakby Reduzum, is in frou ferwûne rekke. Dat barde nei't in auto en in bestelbuske mei elkoar yn oanriding kamen.

Foto: Kappers Media

It ûngelok wie op de krusing fan de N354 en de Overijsselsestraatweg. It buske kaam tsjin de sydkant fan de auto oan. Ien fan de belutsenen is mei net bekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)