Oerstap VDL fan bussen nei hûzen is frij unyk, seit fakbûn FNV

By fakbûn FNV en guon meiwurkers fan VDL binne der noch wol wat fragen oer de stap dy't it bedriuw woansdei oankundige. VDL makket al hûndert jier bussen op It Hearrenfean, mar stapt oer op de wenningbou. FNV-bestjoerder Masja Zwart wurket 35 jier by it fakbûn, mar hat soks noch nea meimakke. "Dit is voor ons redelijk uniek."
In badkeamer sa't VDL dy meitsje sil © VDL Groep
FNV-bestjoerder Masja Zwart oer de opmerklike oerstap fan VDL
Bedriuwen geane wol fallyt en dan wurde de gebouwen dêrnei foar wat oars brûkt. "Maar hier gaat een bestaand bedrijf met bestaand personeel compleet iets anders doen", seit Zwart. "Op een gegeven moment maak je bussen. Binnen een paar weken moet er een machinepark staan en maak je badkamermodules, muren en keukens."

Banen bliuwe

It belangrykste is dat der gjin banen ferlern geane en dêr is Zwart hiel wiis mei. "Vaak bellen jullie me als er een reorganisatie is en er banen verloren gaan. Maar dat is hier niet zo."
Je krijgt opeens te horen dat de fabriek waar je acht uur per dag bent, het bedrijf dat al 100 jaar bussen maakt, iets heel anders gaat doen.
FNV-bestjoerder Masja Zwart
Guon meiwurkers binne wol fernuvere. "Je krijgt opeens te horen dat de fabriek waar je acht uur per dag bent, het bedrijf dat al 100 jaar bussen maakt, iets heel anders gaat doen. Het is wel hartstikke mooi voor de werkgelegenheid, laten we daar duidelijk over zijn." De 150 minsken dy't by VDL wurkje, kinne allegear bliuwe. En Ietze van der Meer, fêstigingsdirekteur fan it bedriuw, tinkt dat der yn de takomst noch mear minsken oan it wurk kinne.

Fragen by fakbûn

It fakbûn hat noch wol wat fragen. "We gaan nu met het personeel bekijken wat belangrijk is. Het is hartstikke mooi dat het werk blijft, maar mensen moet er niet op achteruit gaan. Blijven de functies hetzelfde? Dat willen we weten. Hoe zit het met de contracten? Blijft iedereen bij VDL of gaan er mensen over naar Van Wijnen? Dat moet op vrijwillige basis zijn. We gaan een lijstje maken wat we belangrijk vinden en waar we op gaan letten."
Takom wike hat de FNV in ledefergadering, dan prate se oer de stap fan VDL.